Comeback Suzanne, hattrick Femke en revâns Marijke? Dit stiet der noch op it spul by de Spelen

Femke Kok wûn dizze Olympyske Spelen al goud en sulver © Dijks Media
Nei oardel wike op de Olympyske Spelen stiet de Fryske medaljeteller op fjouwer yn Milaan. Mei noch fjouwer dagen te gean lizze der noch in soad kânsen foar mear earemetaal. Wat stiet der noch op it spul?
Femke Kok, Jorrit Bergsma en it duo Marijke Groenewoud-Antoinette Rijpma-de Jong soargen yn de earste oardel wike foar de Fryske medaljes op de Olympyske Spelen. Kok makke har rol as favoryt op de 500 meter wier en se wûn sulver op de 1.000 meter.
De medalje fan Bergsma kaam ûnferwachts. Op de 10 kilometer hie gjinien rekken hâlden mei in medalje fan de rûtinier út Aldeboarn, mar mei de stipe fan de Matties sette Bergsma it Milano Speed Skating Stadium op 'e kop.

Hattrick foar Femke?

De kommende dagen komme der noch in soad Friezen yn aksje. De 1.500 meter fan freed is ien fan de bêste kânsen op medaljes. Net allinnich fanwegen it feit dat dan fjouwer Fryske froulju yn aksje komme, mar ek omdat Femke Kok yn foarm is.
De 25-jierrige frou út Nij Beets sit op in gouden wolk en sjocht kânsen op it keninginnenûmer fan it reedriden. "As ik oan de start kom, wol ik fansels gewoan winne", seit se.
Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud wienen ûnderdiel fan de efterfolgingsploech dy't tiisdei sulver helle.
Ellia Smeding fan Harns, dy't útkomt foar Grut-Brittannië, docht ek mei op dy ôfstân.
Antoinette Rijpma-de Jong (midden) en Marijke Groenewoud (rjochts) mei Joy Beune op de ploege-efterfolging © Orange Pictures
Yndividueel wie it noch net al te bêst foar Groenewoud. Se stelde teloar op de 3.000 en 5.000 meter en hat noch twa kânsen. De regearjend Nederlânsk kampioen op de 1.500 meter is út op revâns.
Dêrfoar is de massastart miskien wol har bêste kâns. Op dat ûnderdiel hearsket se al in pear jier, mar mei de sterke Francesca Lollobrigida hawwe de Nederlânske froulju in sterke tsjinstanner dy't al twa gouden medaljes wûn hat.

Kin Bergsma wer ferrasse?

Mei it brûns op de 10 kilometer wie it olympyske aventoer foar Bergsma al slagge. De ploege-efterfolging mislearre mei in fjirde plak.
Mar der is noch in kâns: Bergsma is fansels foar Nederlân de man fan de massastart.
It sil dreech wurde om in medalje te heljen, mar dan soe de karriêre fan Bergsma fuortendaliks kompleet wêze.
It kwartsje moat de goeie kant op falle foar Bergsma: yn de sprint is hy kânsleas en de measte tsjinstanners sille him grif yn 'e gaten hâlde as hy him klearmakket foar in oanfal.
Itzhak de Laat (rjochts) mei Jens van 't Wout, oant no ta de kening fan it shorttracktoernoai © Orange Pictures
Nei twa miste olympyske finales op de ôflossing by de mannen wie Itzhak de Laat út 'e skroeven dat hy him mei Jens van 't Wout, Friso Emons en Teun Boer pleatste foar de olympyske finale. Dy stiet freed op it programma.
"Het is voor mezelf zo lekker dat we die vloek nu doorbroken hebben", sei De Laat nei de heale finale. "We kunnen in de finale echt voor goud rijden."
It shorttracktoernoai is foar Nederlân al slagge mei de fjouwer gouden medaljes fan Van 't Wout en Xandra Velzeboer, mar dêr kin noch hiel wat moais by komme.

Dei fan de wierheid foar Schulting

Freed is ek de dei fan de wierheid foar Suzanne Schulting op it shorttrackiis. Op de ôflossing foar de froulju waard se net ynset yn de heale finale en dat sil nei alle gedachten ek net barre yn de finale fan woansdeitejûn.
Suzanne Schulting siet lang yn de wachtkeamer, mar mei freed los op de 1.500 meter © Orange Pictures
Op de 1.000 meter koe se dizze wike har olympyske titel net ferdigenje, mar se stiet wol oan de start op de 1.500 meter. Foar dy ôfstân krige se in oanwiisplak fan de KNSB.
Nei de Nederlânske titel op dat nûmer soe in medalje yn de olympyske finale in kroan wêze op de comeback dy't se makke yn de dissipline dêr't se ferneamd troch waard.

Friezinne om utens

Op dyselde 1.500 meter stiet noch in Friezinne op de startlist: Tineke den Dulk. Sy komt fan Ljouwert, mar hat sûnt in pear jier de Belgyske nasjonaliteit. Mei dat lân pakte se ferline wike it brûns op de mingde ôflossing.

Dit stiet der noch op it programma yn Milaan (Friezen fetdrukt)

Woansdei 18 febrewaris
20.15 oere - shorttrack: finales 500 meter manlju
20.50 oere - shorttrack: finales ôflossing froulju, mooglik mei Suzanne Schulting*
Tongersdei 19 febrewaris
16.30 oere - langebaan: 1.500 meter manlju mei Joep Wennemars, Tijmen Snel en Kjeld Nuis
Freed 20 febrewaris
16.30 oere - langebaan: 1.500 meter froulju mei Antoinette Rijpma-de Jong, Femke Kok en Marijke Groenewoud
20.15 oere - shorttrack: 1.500 meter froulju mei Suzanne Schulting
21.17 oere - shorttrack: finales ôflossing manlju, mooglik mei Itzhak de Laat*
Sneon 21 febrewaris
15.00 oere - langebaan: heale finales massastart manlju mei Jorrit Bergsma en Stijn van de Bunt
15.50 oere - langebaan: heale finales massastart froulju mei Marijke Groenewoud en Bente Kerkhoff
16.40 oere - langebaan: finale massastart manlju mei Jorrit Bergsma en Stijn van de Bunt
17.15 oere - langebaan: finale massastart froulju mei Marijke Groenewoud en Bente Kerkhoff
* dielname is noch net befêstige

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.