Alden Femke Kok kinne spanning no fan harren ôfglydzje litte: "It is in dream"

Ilja en René Kok © NOS
Alden Ilja en René Kok seagen mei spanning hoe't harren dochter de earste Nederlânske Olympysk kampioen op de 500 meter waard. "It is in dream foar Femke, mar ek foar ús", seit Ilja nei de race.
Hoewol't mem Ilja op stuoltsje nûmer trettjin yn it stadion siet, brocht dat alles behalve ûngelok. Se seach mei heit René hoe't harren dochter sân tsienden rapper oer de finish kaam as de nûmer twa Jutta Leerdam.
De spanning wie grut by de twa. "We hiene min slept", sei heit René tsjin de NOS. "De spanning boude him de ôfrûne dagen allinnich mar fierder op. Ik tink dat wy mear stress en spanning hân ha as Femke sels." By it moarnsiten gie der ek hast gjin hap troch de kiel.
Foar de race appten se noch mei Femke. "Sy hie ek min slept, mar fertelde wol dat se 'oan' stie", seit Ilja. "Se hie der wol sin oan. Ik frege oft se dat noch oant 17.30 folhâlde koe, mar dat kaam allegear wol goed, sei se."

"Net normaal"

Doe't Kok mei de earms omheech oer de finish kaam kamen Ilja en René oerein fan harren stoel. Even letter kaam Kok út de tunnel draven dêr't har âlden op har stienen te wachtsjen. Doe folgen in pear stevige knuffels en in pear kear de wurden "net normaal".
"It wie echt hiel spannend hjoed, minsken ferwachtsje fan alles", seit Ilja. Dat is ek neffens René it dreechste. "Want ien misser op dizze ôfstân en it is gebeurd. Wy ha nea op de saken foarútrûn."
"Mar dit wie sawat perfekt. De race fan har libben. Better hie it eins net kinnen."
Femke Kok kaam mei de hannen yn de loft oer de streek © ANP
Kok sels is ek bliid dat har âlden derby wienen. "Elkenien dy't my dierber is, is hjir. Dan wolst it sa graach foar harren dwaan. It is megaleuk dat ik it no mei harren fiere kin."
Dêr binne har âlden it mei iens. Fjouwer jier lyn moasten se troch corona de olympyske race fan Femke thús op de bank sjen. "It is moai dat wy no alles mei-elkoar belibje kinne. Omdat se noch thús wennet, draait alles om har. Dus dit is ek echt in dream foar ús."

Noch in medalje derby?

Foar de twa medaljes wurdt noch in moai plak socht. Dêr kin sels noch ien by komme want freed rydt Kok de 1.500 meter.
Mochten har âlden wol sliepe kinne, dan kinne se dêr fêst fan dreame. "Dat sil jûn noch net slagje troch de adrenaline", sei Ilja juster. "Mar de spanning wurdt wol minder, it goud op de 500 meter wie nammentlik it heechste doel."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.