Feest yn Nij Beets nei olympyske titel fan harren Femke: "Dit is fenomenaal"
Se woenen it lyts hâlde yn Nij Beets, mar sneintemiddei siet doarpshûs It Trefpunt fol mei doarpsgenoaten en fans fan Femke Kok, dy't op de 500 meter it olympysk goud wûn.
Doarpshûs It Trefpunt yn Nij Beets, sneintemiddei om 16.00 oere. It duorret noch goed oardeloere foardat de lokale heldinne yn aksje komme moat, mar de spanning rint al op.
Famylje en freonen binne manmachtich ôfreizge nei Milaan om de race sels te belibjen, mar it doarpshûs rint aardich fol. Foar it grutte skerm sitte sa'n hûndert minsken.
"We dachten aan tien of twintig mensen, hoe mooi zou het zijn als we met die groep Femke's race konden beleven, seit foarsitter Jaap Aerts fan iisklup Eendracht út Nij Beets.
De stream op it skerm rint wol in bytsje efter, blykt al by de ploege-efterfolging fan de mannen. De melding fan de ferskate nijstsjinsten is al binnen as de mannen op it skerm yn Beets noch in rûntsje as twa moatte.
"Hindert neat, wy binne al bliid dat de stream it docht", is de nochtere reaksje.
'Het zindert hier'
As it hast tiid is foar de 500 meter, stean der goed 150 minsken opinoar pakt yn de seal. Ek boargemaster Andries Bouwman fan Opsterlân is fan de partij mei in delegaasje fan de gemeente.
"Je voelt de temperatuur, het zindert hier", seit er. It wurdt yndied waarmer en waarmer as it momint fan Femke's race tichteby komt.
Der sit spanning op, ek op sa'n 1.100 kilometer fan it Milano Speed Skating Stadium. Want hoe goed Kok it ek dien hat yn it ferline, in olympyske race is spesjaal.
"It kin altyd oars", seit Atje de Grouw fan de iisklup. "Dat seachst fan 'e wike wol mei dy Amerikaanse keunstrider, dy't trije kear ûnderút gie en mei lege hannen stie."
Dat sentimint wurdt net troch elkenien dield. "Se wint it gewoan, mei foarsprong", seit ien fan de doarpsgenoaten, dy't syn griene fleske alfêst yn 'e loft stekt.
Op dat stuit komt Femke Kok op byld it stadion binnen en giet it lûd foar it earst dizze middei omheech.
Omke fan Anna
Jong en âld is oanwêzich yn it doarpshûs. De lêste dagen kaam der safolle publisiteit foar it feest yn it doarpshûs dat der sels befeiligers by de doar stean moasten.
Ien fan harren is Lutsen Idzinga. Hy sjocht mei in dûbele pet op, want Anna Boersma - de oare Fryske dielnimmer op dizze ôfstân - is syn omkesizzer.
"Ik fyn it al hiel moai dat se hjir allegearre út dizze hoeke komme. Jorrit út Aldeboarn, Femke hjir út Beets, Anna út Sint Nyk en Marijke út Grou", seit er wylst Jutta Leerdam oan de finish komt.
En wat no as Boersma it better docht dan Kok? "Dat soe hiel bysûnder wêze, mar ik fyn it machtich moai as se it beide goed dogge."
Idzinga stiet op de teannen om te sjen hoe't syn nichtsje oer de finish komt. Troch in dikke misslach oan de ein wurdt it 38,01 en sit se net yn 'e buert fan de medaljes.
Nei it applaus foar Jutta Leerdam en it gejuich foar Boersma is it tiid foar 'de trots fan Nij Beets'.
Mei in knal klinkt it lûd fan it startpistoal yn de seal, dêr't it yntusken tropysk waarm is. Wylst de measte minsken yn grutte spanning nei it skerm sjogge, binne guon minsken der al wis fan.
Op harren eigen telefoan, dêr't de útslach hast fyftich sekonden earder binnen is, sjogge al dat it goed is. "Mar noch neat roppe hear", flústerje se.
In orkaan fan lawaai
Nei in oertsjûgjende start en in hiele goede earste bocht, leit de snelheid ek heger.
"Dit komt goed", ropt ien yn de fierte. Wylst de earste telefoans rattelje mei it nijs dat it goud binnen is, rekkenet Kok op it skerm ôf mei har tsjinstanner en giet se yn in rjochte line nei de finish.
Set de tiid stil, 36,49 stiet der op it skerm. In lûd geraas giet der troch de seal. Nij Beets is út de skroeven mei de winst fan harren Femke.
"Hjir hopest op, mar no lit se it ek noch sjen. Dit is manjefyk", seit De Grouw. Wylst se justjes earder noch mei bierkratten oan it slepen wie en sels in twadde tray mei muntsjes helje moast, komt no binnen wat doarpsgenoat Kok prestearre hat.
"It docht my wol wat. Se bliuwt harsels", seit se oer Kok. "En sjoch no ris nei dizze minsken. In goeie middei foar ús, geweldich dat der sa'n soan minsken kommen binne."
En ta beslút: "Dit is hoe't Beets is."
Huldiging
"Dit is fenomenaal", seit boargemaster Bouwman. "Ze maakt de belofte waar en het is geweldig om te zien hoe ze hier in het dorp meeleven."
Bouwman is sels in grutte reedrydfan en woe it feest yn Nij Beets net misse. "Dat iemand uit het eigen dorp goud wint, is geweldig."
De gemeente is dwaande om nei de Olympyske Spelen in huldiging foar Kok te organisearjen.