Op syk nei Femke Kok fine ús mannen yn Milaan kening Willem-Alexander

It olympysk doarp is folslein ôfsletten en dus net te berikken foar in medium sûnder akkreditaasje. Dochs besykje ús mannen yn Milaan om Fryske sporters te finen en komme sy yn kontakt mei kening Willem Alexander.
Omrop Fryslân is fanwegen de hege kosten sûnder akkreditaasje oanwêzich yn Milaan. Dochs freegje sy harren ôf hoe't it mei Femke Kok giet no't se sulver wûn hat. Njonken dat is de Nij Beetse de grutte favorite foar de 500 meter, fielt sy spanning?
Yn de syktocht nei de sporters krije de mannen in kâns om kening Willem-Alexander in fraach te stellen. Net sûnder gefolgen, want de dagen dêrnei binne Omrop Fryslân en de kening it praat by de kofje-automaat.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.