Seldsume leafdesring fûn by Dokkum: "Denk niet dat ik dit nog eens ga meemaken"

De gouden ring © Museum Dokkum
Museum Dokkum hat in seldsume gouden ring oan de kolleksje taheakke. De saneamde 'poie' ring komt út de sechstjinde iuw en is fûn boppe Dokkum.
In man fûn de ring mei in metaaldetektor en bea him dêrnei oan it museum oan. It museum die dêrnei ûndersyk nei komôf.
"Het is een lang project. In mei 2025 kwam deze man bij ons met de ring. Dan moeten er veel experts naar kijken en uiteindelijk moet hij dan nog getaxeerd worden", leit Myrthe Westra fan it museum út.
"Het bleek om een hele zeldzame ring te gaan. Zulke 'posie' ringen worden veel in Engeland gevonden, maar niet in Nederland. Dit is de tweede keer", sa stelt Westra.

Leafdesring

De ring hat alles mei de leafde te krijen. "Er staan liefdesteksten in en zulke ringen werden vooral gegeven binnen de adel, dus ze waren wel echt voor de rijkere mensen."
De ring hat in ynskripsje mei de tekst 'TUE MA VIE ME', do bist myn libben. Op de bûtenkant stiet de tekst 'SEULE POUR UNE', allinnich foar dy.

Unyk

Westra is bliid en grutsk dat de ring no diel útmakket fan de kolleksje fan it museum. "Ik denk dat ik dit in mijn carrière niet nog eens ga meemaken. Misschien met andere dingen, maar niet met zo'n bijzondere ring."
De ring is fan Falentynsdei 14 febrewaris ôf te besjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.