Fryske Tineke den Dulk helpt België oan in olympyske medalje: "It is ûnwerklik"

Tineke den Dulk © Omrop Fryslân
Hikke en tein yn Ljouwert en mei in topsportstatus yn it leger fan België brûns winne by de shorttrackers. De karriêre fan Tineke den Dulk is mei rjocht bysûnder te neamen.
"Dit is wol hiel ûnwerklik", seit de 28-jierrige Den Dulk as sy har mei de brûnzen medalje om de nekke klearmakket foar in foto.
Nei wat lêste oanwizingen fan de fotograaf folget der in grutte gniis op de holle. Den Dulk pakt de medalje yn de hannen en hâldt dy omheech foar it plaatsje mei it olympysk doarp op de eftergrûn.
"Ik leau it noch net hielendal en it is net te beskriuwen. Dy medalje is wol swier trouwens."
De Belgyske ploech jûget foar de brûnzen medalje, rjochts Den Dulk © ANP Foto
Op de mixed-relay pakte Tineke den Dulk tiisdei mei Ward Pétré, Hanne en Stijn Desmet (broer en suster) in brûnzen medalje. It goud gong úteinlik nei Italië.
"Ik leaude it noch net doe't ik oer de finish wie", seit Den Dulk. "It moast gewoan yndale, want alles siet tichtby inoar. It wie hiel spannend."

Grutbrocht yn Fryslân

Den Dulk is hikke en tein yn Ljouwert mar ferhuze seis jier lyn nei België. Dat die sy foar har sport, want yn Nederlân seach sy gjin takomst mear.
"Ik kaam net yn it Nederlânske nasjonale team. Ik hie wol meardere kearen mei west nei wrâldbekers en Europeeske kampioenskippen, mar ik bruts mar net troch."
Hanne Desmet en Tineke den Dulk oer de streek foar brûns © ANP Foto
Fia freondinne Hanne Desmet (dy't yn Thialf traint) komt Den Dulk yn kontakt mei de Belgyske ploech. Se ferhuzet nei Hasselt en start de proseduere foar nasjonalisaasje.
Yn 2021 krijt se har paspoart. Den Dulk wurket sûnt 2024 yn it leger.

Frysk leare yn België

Bysûnder is dat Den Dulk yn har jongere jierren gjin Frysk praat. Sterker noch, sy leart de taal pas praten as sy al in jier yn België wennet.
"Ik miste it Frysk gewoan doe't ik nei België gong en ik woe it mear prate. As ik mei mem belje, dan is it yn it Frysk tsjintwurdich en sy leit my de grammatika wol út. It is net perfekt mar it is te dwaan."
De brûnzen medalje fan Tineke den Dulk © Omrop Fryslân
Den Dulk praat hieltyd mear yn har 'memmetaal' en sprekt úteinlik Frysk mei in Belgysk aksint. Sy sjocht in soad oerienkomsten mei it West-Flaamsk.
"In protte minsken ferstean de West-Flamingen net, mar ik wol. It hat deselde klank wol wat."
Den Dulk fielt har fuortendaliks thús yn België en traint mei Hanne Desmet by de nasjonale ploech. België hat mei 30 sporters de grutste delegaasje ea foar harren op de Spelen.
Tineke den Dulk en Hanne Desmet © ANP Foto
"It is hiel bysûnder om derby te wêzen. As je dan mei shorttrack ek noch brûns winne, dan is it hielendal in sukses te neamen."
Sadwaande rint in Friezinne mei in Belgyske brûnzen medalje om de nekke troch Milaan. It is de njoggende medalje ea foar België op de Olympyske Spelen en de twadde shorttrack-medalje foar ús súdlike buorlju.
"Ik ha der noch hieltyd gjin wurden foar. It is ek nochris de earste olympyske medalje foar Topsportdefensie en foar Trias, de klup yn Ljouwert dêr't ik begûn bin. It is in ferhaal foar yn de boeken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.