Ikoanyske Achmeatoer wurdt ferkocht: "Daar gaan wel wat centjes mee gemoeid"

Achmeatoer © Harns Invest
De Achmeatoer yn Ljouwert wurdt ferkocht. De markante blauwe toer fan hast 115 meter heech - it heechste gebou fan de stêd - kriget dêrmei in nije eigener. Ein dit jier nimt Harns Invest it eigendom offisjeel oer fan Achmea.
De ikoanyske toer, ûntwurpen troch de ferneamde Fryske arsjitekt Abe Bonnema, waard yn 2002 oplevere. Op dit stuit makket Achmea noch mar sporadysk gebrûk fan fjouwer fan de 26 ferdjippings; de rest stiet leech. Achmea wol it gebou dêrom graach ferkeapje.
Hoewol't de toer ek yn de takomst benammen as kantoar tsjinje sil, moat it gebou neffens Reinoud van der Bos fan Harns Invest in multyfunksjoneel karakter krije. "Het gebouw wordt getransformeerd en verduurzaamd tot een plek voor meerdere gebruikers en functies."

Hoareka en sportfoarsjennings

Neffens planning sille hoareka, sportfoarsjennings en oare oanfoljende tsjinsten yn it gebou komme. It fernijde konsept krijt de namme IQON. Yn de mande mei partner EYE Vastgoed wol Harns Invest sa bydrage oan in 'fernijend saaklik hert' fan Ljouwert.
Under IQON falle ek de plannen foar in neistlizzend gebou oan de Lange Marktstraat, dêr't bedriuwsromten en keapapparteminten komme.
Wat Harns Invest foar de Achmeatoer betellet, wol it net sizze. "Daar doen we geen uitspraken over. Maar er gaan natuurlijk wel wat centjes mee gemoeid", seit Frank Buikhuizen fan de ynvestearringsmaatskippij.
De Achmeatoer karakterisearret de skyline fan Ljouwert © Harns Invest
Achmea bliuwt yntusken gewoan yn Ljouwert. De meiwurkers hâlde harren wurkplak yn de Achmeatoer, de feroaring heart by it 'strategisch huisvestingsplan' fan it bedriuw.
Bart-Jan Lijnkamp, ferantwurdlik foar de gebouwen by Achmea: "Met Harns Invest zijn er ook concrete plannen voor een duurzame toekomst van de Achmeatoren."
"We blijven op onze huidige locatie in Leeuwarden gevestigd en actief, Leeuwarden is en blijft een van onze kernlocaties."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.