Nij gebiet yn de Waadsee sletten foar garnalefiskerij

In garnalefisker op it Waad © Remco de Vries/Omrop Fryslân
Om de ûnderwetternatuer te beskermjen, slút steatssekretaris Jean Rummenie fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) in 9.300 bunder grut gebiet yn de westlike Waadsee ôf foar de garnalenfiskerij. Dat hat hy tiisdei oan de Twadde Keamer witte litten.
Yn de brief stiet net om hokker gebiet oft it krekt giet, mar it soe boppe de Boontjes healwei rjochting Flylân lizze moatte.
Dêr mei ek al langer net op mokselsied fiske wurde. Foar de ôfslúting is draachflak ûnder de fiskers, sa skriuwt de steatssekretaris. Der wurdt dêr no al net it measte fiske. It is ek in part fan de Waadsee wêr't wyn en it tij net de measte ynfloed ha.
Krekt yn dat soarte fan gebieten kin dy ûnderwetternatuer him it bêste ûntjaan, sa docht bliken út wittenskiplik ûndersyk.
In steurgarnaal fan tichteby © Omrop Fryslân/Remco de Vries
De steatssekretaris is advisearre om yn alle gefallen te ûndersykjen oft der mear gebieten ôfsletten wurde moatte. Dan giet it net allinnich om de westlike Waadsee, mar ek om in stik Noardsee boppe it Amelân.
Dat sjogge de fiskers lykwols net sitten. Rummenie wol boppedat earst sjen wat it effekt is fan de sanearring fan de garnalefloat op de ûnderwetternatuer. In tredde fan dy float hâldt op fan fiskjen.
Garnalekotters yn de haven fan Lauwerseach © Remco de Vries/Omrop Fryslân
Mar dêrmei nimt de steatssekretaris wol in risiko. Syn amtners hawwe him advisearre om yn ien kear mei in totaalpakket oan maatregels te kommen sadat de sektor foar langere tiid wit wêr't sy oan ta binne.
De gebietsslutingen soene yn dy oanpak yn fazes ynfierd wurde moatte.

Nije gebietsslutingen

De kâns bestiet no dat der dochs nije gebietsslutingen nedich binne, bygelyks nei it meitsjen fan nije behearplannen foar de natuer yn de Waad- en Noardsee troch Rykswettersteat.
Rummenie hat yn juny ferline jier de garnalefiskers in nije fergunning jûn foar tweintich en in heal jier; in ûngewoan lange perioade. Syn motivaasje wie doetiids dat dêrmei de fiskers foar lange tiid wisten wêr't sy oan ta wienen.
It is no noch mar de fraach oft dat mei dizze oanpak ek sa útpakt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.