De gemeente docht mear as datst tinkst: dit binne in pear opfallende taken

Begraffenissen regelet de gemeente ek wolris © ANP
Fan wenningbou, oant jeugdsoarch en fan strjittegels oant bystân: De gemeente hat oer in hiel soad saken wat te sizzen. De measte taken lizze foar de hân, mar wistest dat gemeenten ek te krijen hawwe mei.....

Begraffenissen?

Eins is it de taak fan neibesteanden om te soargjen foar in ôfskied fan in famyljelid. Mar wat as der gjin neiteam is of der al hiel lang gjin kontakt is mei de famylje? Yn sa'n gefal pakt de gemeente dat op.
De gemeente Ljouwert regelet gemiddeld sa'n 18 begraffenissen yn it jier. Meastentiids wurdt de gemeente troch de plysje ynseind dat der ien fûn is en se gjin famylje efterhelle hawwe.
De gemeente hat ôfspraken mei in útfeartfersoarger. Dy hellet it lichem op út de wenning en dan begjint de gemeente mei de tarieding.

Sober

As earste giet de gemeente op syk nei neibesteanden. Foar it gefal dat it net slagget, hat de gemeente in draaiboek klear. Mei de útfeartfersoarger binne ôfspraken oer in sobere begraffenis: in simpele kist, in lyts blomstikje, in lytse advertinsje yn de krante, in koarte tsjinst en nei ôfrin in bakje kofje (sûnder cake).
It is net folle, mar "wy besykje altyd wol om it sa persoanlik mooglik te meitsjen", fertelt Japke Nieuwenhuis fan de gemeente.

Foar sokke gemeentlike begraffenissen hat de gemeente plek op de Noorderbegraafplaats yn Ljouwert. In stien komt der net op it grêf, mar wol in boardsje mei in namme. Yn sommige gefallen wurdt keazen foar in kremaasje.
''As wy de begraffenis regelje, geane we ek altyd troch it hûs. Soms fine wy in winsk dat se leaver kremeare wurde wolle. Dan regelje wy dat."

Jiske bewarje

De gemeente bewarret de jiske dan in tiidsje. As der dan dochs noch famylje boppe wetter komt dy't belang hat by de jiske, kinne se dat ophelje. Bart dat net dan wurdt de jiske útstruid oer in útstruifjild.
En de kosten? Dy wurde as it kin ferhelle út it neilittenskip.
De Salviustsjerke yn Dronryp © Omrop Fryslân, Sippie Miedema

De tsjerketoer?

Do soest sizze dat de tsjerketoer by it tsjerkegebou heart en dêrom eigendom is fan de tsjerklike gemeente. Mar dat is net yn alle gefallen sa.
Yn 1798 kamen de tsjerketuorren nammentlik yn hannen fan de boargerlike gemeente. Fan de toer ôf hast in moai útsjoch oer de omjouwing: handich yn it gefal fan fijannige troepen en mei de klokken kinst minsken warskôgje foar brân of sokssawat.

Fanwegen it oergongsrjocht binne de tsjerketuorren fan foar 1798 yn hannen bleaun fan gemeenten. Dat wie de gemeenten ek lang net altyd dúdlik.

Stichtingen

Yn 2000 stapten in tal fan tsjerklike gemeenten út Ljouwert, Harns en Boarnsterhim dêrom nei de rjochter. Hja betellen al jierrenlang foar it ûnderhâld fan de toer, wylst de gemeente eigener wie. Dat moast mar ris feroarje fûnen de tsjerken.
De gemeente ornearre dat de tsjerke him al jierrenlang as eigener opsteld hie en dêrom ek offisjeel besitter wie fan de toer. De rjochter gie dêr net yn mei: de iennichste reden dat de tsjerken betellen foar it ûnderhâld, wie om foar te kommen dat dizze omfalle soe.

Yn de praktyk hawwe gemeenten it eigendom fan de tsjerketuorren oerdroegen oan stichtingen dy't der ek foar soargje foar it ûnderhâld. De gemeente betellet faak mei fia subsydzjes.
Gemeenten soargje foar foarsjennings foar hûne-eigeners © Lennard Jan Geerts

Hûnestront?

No ja, der binne fansels gjin amtners dy de strjitten mei in skepke by delrinne om de hûnepoep achter de hûn op te rêden. Mar se kinne der wol foar soargje dat de betingsten foar skjinne strjitten der binne.
Sa hat de gemeente Ljouwert 60 'hondenlosloopterreinen' mei spesjale hûneboarterstastellen en twahûndert bakken wêr'tst de hûnekeutels yn smite kinst.

Dat kostet fansels wol in soad jild en dêrom bart de gemeente Ljouwert elk jier hûnebelesting. Der binne net mear in soad gemeenten dy't dat dogge. Yn Fryslân moatst neist Ljouwert allinnich op Flylân en yn de gemeente Smellerlân betelje foar in hûn.

Hûnekontrôle?

Tanksij it jild betelje allinnich hûnebesitters foar it ûnderhâld, sa jout de gemeente Ljouwert oan. En de minsken krije der ek wat foar werom: foarich jier krigen se in lampke sadat se de hûn ek yn it donker feilich útlitte kinne.
Op Flylân giet it jild yn de grutte pot, mar krije de hûneleafhawwers der ek wol wat foar werom. Op it eilân hinget de gemeente ''op strategische plekken" hûnestrontpûdsjes op.

Flylân betrout derop dat boargers braaf oanjouwe of se in hûn kocht hawwe. Mar de gemeente Ljouwert jout oan dat se it foar de wissichheid sa no en dan wol even kontrolearje.
In feteraan hinget syn underskiedingen rjocht © ANP

Feteranen?

De gemeente past fansels in bytsje op alle ynwenners. Mar foar feteranen, immen dy't tsjinne hat yn in oarloch of fredesmisje, moatte se krekt in stapke hurder dwaan.
Dat giet noch net altyd fan herte. Yn 2023 joech de Veteranenombudsman oan dat gemeenten wolris wat better harren bêst dwaan meie. Somtiden witte de amtners net dat se dizze taak hawwe en oaren noadigje se allinnich út foar betinkingen.

Foar in foarbyld soenen se sjen kinne nei Waadhoeke. Dizze gemeente hat al jierren in spesjale Feteranendei foar de 456 feteranen yn harren bestân. Fan dizze dei út is wer in stichting opset dy't hiel geregeld in ynrinkafee organisearret yn de Bogt fen Guné yn Frentsjert.

Swimabonnemint

Fansels stjoert amtner Lourenske Steenstra de feteranen ek de útnoadigingen fan betinkingen, mar as se de kâns krijt om de feteranen persoanlik te helpen sil se dat net litte.

Sa wie der in pear jier lyn in feteraan by in gearkomste dy't der wat suterich byrûn. "Ik hie al in gefoel dat it net goed gie."
Yn it petear fertelde der oer syn PTSS en de skuldsanearring. Wat er dan aardich fûn om te dwaan, frege Steenstra. "Doe fertelde er dat er graach te swimmen mocht, mar dat net sa faak die fanwegen jildpine."
Steenstra hifke by har kollega's nei jildpotsjes en regele in abonnemint. ''Letter kaam er by my om te fertellen dat er dat sa wurdearre hie."
In mûs © Shutterstock.com

Rotten?

Jawis, as rôt moatte jo oppasse foar de gemeente. En dat jildt ek foar mûzen, wespen of de ikeprosesjerûp. De gemeente wevet ôf mei alle bisten dy't oerlêst jouwe.
Boargers kinne oan it meldpunt de gemeente trochjaan (te finen op de webside) as der earne oerlêst is en dan wurdt der professionele help ynskeakele. Dat wol sizze as it giet om oerlêst yn de iepenbiere romte.
As der in nêst wespen ûnder dyn eigen dakpanne sitst, moatst der noch sels mei rêde. Wol hat de gemeente it leafst datst it even meldst as der in rôt ofsa omstrúnt, sadat se de boarne efterhelje kinne.

Jiskepûden goed ticht

De gemeente Skylge hat it der bygelyks drok mei. Op it eilân kamen noait rotten foar, mar yn de simmer fan 2024 seagen minsken se ynienen rinnen.
Yn earste ynstânsje waarden rottesjitters ynset, mar dat wie net genôch. Fiif eilanners binne no oplieden ta offisjele rottebestriders. Yn desimber skreau de gemeente dat de fiif al 800 rotten te pakken krigen hawwe.
De pleach is lykwols noch net ûnder kontrôle warskôget de gemeente, dy't eilanners oproppen hat de jiskepûde goed ticht te binen en oan de bel te lûken as se spoaren fan in rôt sjogge.
Yn Súdwest-Fryslân hawwe se ek faak lêst fan rotten en mûzen. De gemeente hat in soad wetter. Elk jier krije se sa'n 30 meldingen fan minsken dy't lêst hawwe fan ûngedierte. Neist rotten en mûzen kleie minsken ek wolris oer in stienmurd of dowen dy't de boel ûnderskite.
Dêr kin de gemeente yn prinsipe net folle mei: behalve advys jaan hoe't se de oerlêst ferminderje kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.