Skipper Ut en Thús yn berjocht oan supporters: "Onbeschrijfelijk boos en verdrietig"
Skipper Luuc Elzinga fan it skûtsje Ut en Thús leit him net samar del by de beslissing fan it IFKS-bestjoer om it skûtsje út te sluten. "We zijn onbeschrijfelijk boos en verdrietig welk onrecht ons wordt aangedaan."
Dat skriuwt Elzinga yn in berjocht oan de supporters fan de Ut en Thús. It berjocht is pleatst yn in appgroep mei mear as twahûndert minsken dy't de Ut en Thús stypje.
"We zijn trots op wat we hebben gedaan, waarom we de restauratie zo grondig hebben willen doen en haar (it skûtsje, red.) voor de komende generaties hebben veilig willen stellen", sa is te lêzen.
Rebûlje om ferbouwing
Ferline wike ûntstie rebûlje binnen de IFKS. Yn in troch 38 leden ûndertekene brief waard skipper Luuc Elzinga fan de Ut en Thús derfan beskuldige dat hy in hast folslein nij skûtsje bouwe liet.
Hy soe 'kop en kont' fan it skip helle ha om dy wer oan in folslein nij middenskip fêst te plakken. Hoewol't Elzinga sei dat hy neat ferkeard dien hie, moast der fan it IFKS-bestjoer fuortendaliks in ynspeksje fan it skûtsje komme.
De CTZ (Commissie Technische Zaken) fan de IFKS is nei in ynspeksje fan it skip ûnder oare ta de konklúzje kaam dat de Ut en Thús bestiet út "een oude kop en een oude kont met daar tussenin een nieuw middenschip".
It nije stik soe neffens "een moderne, niet-traditionele methode" makke wêze en net oan de regels foldwaan.
It bestjoer fan de IFKS hat it rapport sneintejûn besprutsen. Dêrút is de konklúzje oernaam dat de Ut en Thús "onrechtmatig verbouwd is" en dêrmei net mear oan de regels foldocht.
It gefolch is dat de Ut en Thús net mear meidwaan mei oan de wedstriden fan de IFKS.
"Stappen sette"
Elzinga leit him dêr net samar by del. Sa skriuwt hy oan syn supporters dat "dat besluit momenteel procedureel en juridisch beoordeeld wordt en we gaan zorgvuldig kijken hoe we de volgende stappen zetten om dit ongedaan te maken".