Ljouwert is dit wykein in paradys fan ljocht: "Ik kijk er elk jaar naar uit"

Minsken stean te sjen by it keunstwurk op it Saailân © Omrop Fryslân
Trije jûnen lang feroaret de binnenstêd fan Ljouwert yn ien grut nachtlik keunstlânskip. Oant en mei sneontejûn nimt LUNA Nights de stêd oer mei keunst yn kombinaasje mei ljocht en lûd. Op pleinen, yn steechjes en sels op it wetter.
LUNA Nights is ûnderdiel fan it mediakeunstfestival LUNA Festival, dat al mear as 25 jier organisearre wurdt yn Fryslân.
Fan sinneûndergong ôf oant 23.00 oere kinne de besikers delkomme. "Dit weekend zijn er 19 kunstenaars te zien. In de Harmonie, op straat of op de Achmeatoren. Het geheel is verspreid over het centrum", leit Marc Knip fan de organisaasje út.
Hy ferwachtet topdrokte yn it wykein. "Uit onze ervaring blijkt dat donderdag vaak nog rustig is. Vrijdag en zaterdag komt de drukte en dat merk je dan ook echt. Donderdag is even inkomen", laket Knip.
It ljochtkeunstwurk op it Gûverneursplein © Omrop Fryslân
De ferljochte binnenstêd falt yn 'e smaak by de besikers. "Het is heel bijzonder", fertelt in frou op it Gûverneursplein.
"Ik doe elk jaar een rondje en het valt nu ook zeker niet tegen. Heel leuk om alles te zien."

Goed oanklaaie

Op de iepeningsjûn wie de gefoelstemperatuer om de -9 hinne, mar dat hold de besikers net tsjin.
"Dubbele laag aan, extra sokken en handschoenen en dan kom je een heel eind", leit deselde frou út.
Oare besikers binne it mei har iens. "We hebben ons lekker warm aangekleed en we vinden het de moeite zeker waard, dus wij hebben geen spijt."
Alle jierren groeit it festival wer, mar dit jier stekt derboppe-út. "We worden elk jaar groter. LUNA Nights is onderdeel van het LUNA festival. We hebben nu ook de LUNA Young Masters en zo breiden we steeds uit, waardoor er nu bijna twintig LUNA-kunstenaars te bekijken zijn."
In besiker sjocht dat ek. "Het is elk jaar weer bijzonder. Er komen steeds nieuwe dingen bij en ik kijk er elk jaar weer naar uit."
In ljochtkeunstwurk op de Nijstêd © Omrop Fryslân
Fan de Waag oan it Saailân ta, oeral is wat te sjen en de besikers genietsje derfan. "Op het Zaailand waren allemaal tekeningen van kinderen te zien. Ze tekenden hoe Leeuwarden er in 2060 uit zou zien", fertelt in frou.
"Ik vind het mooi hoe ze ook kinderen bij zo'n project betrekken, prachtig."
Dêr is de heit fan twa dochters it mei iens. "Het is erg interactief voor kinderen. Zo was er ergens een fietsje dat licht opwekt, dat vonden de kinderen natuurlijk prachtig."
De ferljochte binnenstêd is oant en mei sneontejûn 7 febrewaris te bewûnderjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.