Sa feroare in feestlike iisdei 30 jier lyn yn in komplete gaos: tsientallen minsken yn it sikehûs

In rider giet ûnderút op it minne iis © ANP
De Iselmartocht begûn tritich jier lyn as in feest, mar waard 'in miny-ramp'. Kamerafrou Corine Kooi wie derby foar Omrop Fryslân.
It bart net faak dat oer de folsleine Iselmar riden wurde kin. Op 4 febrewaris 1996 koe dat wol en dus organisearren de iisklups fan Starum en Enkhuizen in unyk barren: de Iselmartocht.
De organisaasje hie op sa'n 3.000 minsken rekkene, mar dat rûn flink út de hân.
It wie de earste offisjele toertocht oer de Iselmar sûnt 1963 en mei de perfekte waarsomstannichheden woenen in soad minsken it iis op om it bysûndere momint mei te meitsjen.
Iselmartocht 1996 © ANP
Dat úteinlik 40.000 minsken op it iis kamen, wie hielendal net ferwachte. It waard in gaos. Helikopters hongen boppe it iis om de situaasje te besjen, auto's sakken troch it iis en tsientallen minsken rekken nei it sikehûs.

Eskalaasje

Kamerafrou Corine Kooi wie tweintich jier âld doe't se staazje rûn by Omrop Fryslân. Se hie moarns al in reportaazje draaid en waard middeis mei in ferslachjouwer nei Starum stjoerd om foar it jûnsprogramma noch in koart item te draaien.
"We dachten er gewoon wat beeld te draaien, maar vrij snel na onze komst escaleerde het", fertelt se.
Tegearre mei har kollega en naam se de swiere kamera-apparatuer mei rjochting it iis. Dêr krige se in lift oanbean troch in persoan yn in lytse auto sadat se noch wat opnamen meitsje koenen op it iis.
It duorre net lang. Healweis kaam de sjauffeur mei in minne meidieling. "Hij zei: 'Jullie moeten eruit, we hebben deze auto nodig voor het afvoeren van gewonden en onderkoelde mensen.'"
"Toen zijn we er echt midden op het IJsselmeer uitgezet."
In auto op it iis, letter gie it mis © ANP
De sfear sloech om. Fan de blydskip dat der riden wurde koe, wie by de minsken net in soad mear oer. De situaasje op it iis waard hurd minder.
"Ik heb opnames gemaakt van schaatsers en van de helikopters die boven het ijs hingen, daarna hadden wij het idee dat we toch redelijk snel terug naar de vaste wal moesten."
Het werd eigenlijk een soort mini-ramp.
Corine Kooi
"Moet je je voorstellen: allemaal schreeuwende mensen en auto's die door het ijs zakten. En dat gebeurde om ons heen, het werd eigenlijk een soort mini-ramp", seit Kooi.
De kamerafrou moast mei har kamera, dy't doe sa'n sechstjin kilo wage, en it statyf, nei de kant. In kuier fan mear as in kilometer. "Op dat moment zagen we de auto waar we mee gereden hadden door het ijs zakken."
Nei in lange kuier kamen Kooi en har kollega wer oan lân. It sjouwen fan de kamera wie net te dwaan, dy skode se foar har út oer it iis.
Net alle details steane Kooi noch helder foar de geast, mar wol wit se noch wat har gefoel wie doe't se oan lân kaam.

Grutter dan tocht

"Ik weet dat ik het intens koud had, en toen we op land waren was er een moment dat ik het helemaal warm kreeg. Dat is me altijd bijgebleven. Alsof m'n lichaam het toen overnam."
"Ik was erg blij dat we weer op het vasteland stonden. Maar ik had op dat moment niet door dat het zo groot was, dat kwam later pas toen we weer op de redactie waren."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.