Miljeuproblemen troch stielslakken op bedriuweterrein yn Harns: "Wy binne bot skrokken"
Op twa plakken op bedriuweterrein Oostpoort yn Harns binne yn it ferline stielslakken brûkt, mei miljeuproblemen ta gefolch. Dat docht bliken út in resint rapport fan de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT).
It giet om in terrein dat brûkt wurdt troch Cranberry BV oan de Oude Trekweg en om in lokaasje fan betonbedriuw Spaansen oan de Fahrenheitstraat.
Yn beide gefallen binne de stielslakken brûkt om it terrein op te heegjen.
Wyt oerflaktewetter
Op beide lokaasjes binne letter problemen ûntstien yn sleatten njonken de bedriuwsterreinen. It oerflaktewetter waard wyt.
Mjittings fan Wetterskip Fryslân lieten in ferhege pH-wearde sjen.
Wat binne stielslakken?
Stielslakken binne in restprodukt fan stielproduksje. Yn Nederlân komme stielslakken fan Tata Steel. It is in griis stieneftich guod mei swiere metalen deryn, lykas chroom, nikkel, barium en lead.
Tata Steel kin neat mei it restprodukt, mar produsearret wol sa'n 650.000 ton stielslakken yn it jier. Dat komt del op sa'n 26.000 frachtweinen.
De Nederlânske oerheid stimulearret de saneamde sirkulêre ekonomy: ôffal moat sa folle mooglik opnij brûkt wurde. Bedriuwen dy't stielslakken produsearje en ferkeapje, bestimpelje it dêrom graach as boumateriaal en net as ôffal.
"Wy binne hjir bot fan skrokken", seit direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie.
It lit neffens him sjen dat it probleem grutter is as earder tocht. Omdat der gjin regels rûnom stielslakken wiene, is net dúdlik wêr't it guod allegear brûkt is en wêrt't it dus yn de boaiem sit.
"Ofrûne jierren kaam it probleem nei foar by in tal diken yn Fryslân, lykas de Sintrale As en de Heak om Ljouwert. Dêrfan tochten we, dat is wol behearsber."
"Mar no sjogge we dat it op folle mear plakken lizze kin. Wy freegje ús no wol ôf hoe grut it probleem eins is, en wat de ympakt is op it miljeu?"
Boaiem fersmoarge
Wannear't stielslakken yn kontakt komme mei grûn- of reinwetter giet it mis. Dat wetter krijt dan in ferhege pH-wearde en de gefaarlike stoffen kinne har ferspriede fia it wetter.
Wat seit in pH-wearde?
De pH-wearde jout de soergraad fan in floeistof of substânsje wer. In te lege pH betsjut dat de floeistof soer is, in te hege wearde bestsjut just dat de floeistof basysk is. Tink by dat lêste oan goatstienûntstopper.
De pH fan oerflaktewetter moat tusken de 6,5 en 8,5 (op in skaal fan 0-14) lizze.
Wannear't minsken yn kontakt komme mei stielstakken kin dat sûnensrisiko's opsmite. Bygelyks yrritaasje fan eagen, noas en kiel.
Cranberry BV
Yn in sleat by it terrein fan Cranberry BV trof it Wetterskip yn 2024 in ferhege pH-wearde oan. Ut fierder ûndersyk die bliken dat de fersmoarging net sa slim wie dat de drompelweardes oerskreaun waarden.
"Er is op dit moment voor Wetterskip Fryslân geen reden om (handhavend) op te treden tegen dit bedrijf", skriuwt it wetterskip yn antwurd op fragen. "We houden de vinger aan de pols."
We ha gjin idee wêr't it guod allegear bedarre is.
Yn 'e buert fan Cranberry BV is de gemeente Harns noch dwaande mei fierder ûndersyk. Neffens it wetterskip rjochtet him dat op "een aantal dammen en sloten aan weerszijden van de Kanaalweg omdat daarin staalslakken zijn verwerkt".
Ien sleat dimpt
By Spaansen waard der yn twa sleatten in hegere pH-wearde oantroffen. Ien dêrfan leit oan de noardkant, ien oan de eastkant fan it terrein.
Yn de noardlike sleat skommele de pH-wearde fan it wetter tusken de 7 en 10. Yn 2023 hat it wetterskip Spaansen dan ek opdracht jûn om yn aksje te kommen.
Yn 2025 is de noardlike sleat oerdroegen oan de gemeente yn ferbân mei de oanlis fan in nij yndustrieterrein. De sleat is dêrnei dimpt. Ek paste it bedriuw doe de ôfwettering fan reinwetter op it terrein oan.
"In de sloot aan de oostkant langs de Ungabuurtsterweg zien we af en toe witte uitloogplekken in het sloottalud", seit it wetterskip oer de sleat oan de eastkant fan it terrein. Ut proeven docht bliken dat it giet om 'iets verhoogde waardes'.
Dêrom is it bedriuw frege om maatregels te nimmen. Neffens it wetterskip kin de stielslakken bygelyks ynpakt of sels folslein ferwidere wurde. "Ook hier houden we de vinger aan de pols."
De gemeente Harns seit yn in reaksje yn de takomst gjin stielslakken mear te brûken.
Gjin tafersjoch
"Yn it ferline binne stielslakken as boustof promoot", fertelt Van der Werf. "It koe brûkt wurde sûnder fergunningen. Mar der is dus ek hielendal gjin tafersjoch op wêst oer wêr't it brûkt is en wêrfoar."
"Ik hie sels ferwachte dat der wol in registraasjesysteem foar wêze soe. No ha we gjin idee wêr't it guod allegear bedarre is."
Heak en Sintrale As
Yn Fryslân binne stielslakken ûnder mear brûkt yn it projekt fan de Heak om Ljouwert en by de oanlis fan de Sintrale As.
Yn beide gefallen binne letter miljeuproblemen oan it ljocht kaam. Ek is oan beide diken skea ûntstien.
Op de measte plakken binne de stielslakken letter ynpakt of wer fuorthelle. Dat moat noch barre by knooppunt Werpsterhoeke by Ljouwert.
Yntusken is it brûken fan stielslakken oan strangere regels bûn dan yn it ferline.
Sirkulêre ekonomy
Van der Werf fan de Friese Milieu Federatie begrypt de wrakseling fan de oerheid wol. "Sy tinke ek: we moatte fan it spul ôf. We binne fansels in sirkulêre ekonomy, we ha te krijen mei reststoffen."
"Je kinne it wol ergens dumpe, mar dêr binne we ek gjin foarstanner fan. We moatte dochs yn steat wêze om in goeie oplossing te betinken?"