Drokke betinking Holocaust yn Ljouwert: "Freeslik wat minsken elkoar oandwaan kinne"

Holocaust-betinking yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De moard op seis miljoen Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch is justerjûn yn Ljouwert betocht. Minsken koene in stientsje lizze op it nammemonumint yn de Joadske wyk. "It is net te leauwen wat minsken elkoar oandwaan kinne."
Op it monumint stean de nammen fan 546 Ljouwerter Joaden dy't de Holocaust net oerlibben. Hiele húshâldingen mei soms jonge bern.
"Jetje Velleman, noch mar seis jier âld", fersuchtet in frou. "In hiel libben foar har, mar mei geweld út har hûs skuord en wreed de dea ynstjoerd. Net foar te stellen."
Jetje is fergast op 7 maaie 1943 yn Sobibor.
Holocaust-betinking yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It lizzen fan in stientsje is in Joadsk gebrûk om ferstoarne minsken te betinken. En it lûdop neamen fan de namme heart dêr ek by.
"Zodat die in herinnering blijft en niet vergeten wordt. Dan blijft de ziel bestaan en dat vind ik bijzonder", fertelt in man dy't efkes letter stilstiet by it libben van Jacob Valk. Dy is fermoarde op 25 juny 1942 yn Mauthausen, 33 jier âld.

Bang

De man makket him grutte soargen oer de wrâld dy't yn 'e brân stiet. "Ik ben zelf in Auschwitz geweest en heb eigenlijk nooit beseft waartoe mensen in staat zijn. En daarom is zo'n herdenking belangrijk, want dit mag nooit meer gebeuren. Maar ik ben er bang voor, als ik zie wat er overal gebeurt."
En dêrom klinkt, as in soarte fan warskôging, de namme Jacob Valk, ien fan de 107.000 Nederlanskse Joaden dy't yn de Twadde Wrâldoarloch deportearre binne. Dêrfan binne 102.000 yn de kampen om it libben brocht.
Sa'n 150 minsken wennen de betinking by © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sa'n 150 minsken wennen de betinking by, dy't plakfûn yn it Atrium fan it Natuermuseum.
Foarsitter Gerard Cohen fan de Joadske gemeente yn Ljouwert sei mei klam dat "herdenken ook vooruit zien is. Het is een waarschuwing, omdat uitsluiting, vervolging en ontmenselijking kunnen leiden tot onvoorstelbaar geweld."

Holocaust

Sûnt 2005 wurdt alle jierren op 27 jannewaris de Holocaust yn de wrâld betocht. Dat is de dei dat ferneatigingskamp Auschwitz befrijd is troch de it Sovjet-leger, dit jier precies 81 jier lyn.
De Russen troffen noch 8.000 finzenen oan dy't siik of tige ferswakke wiene. De pear Dútske bewakers dy't der noch wiene, binne troch de Sovjets deasketten.
Cohen wiisde de oanwêzigen op de swarte skiednis fan it eardere beursgebou dêr't no de Campus Fryslân fan de ryksuniversiteit fan Grins yn fêstige is. Yn de oarloch moasten Joaden harren hjir melde foar de treinreis nei Westerbork en dêrnei nei de kampen yn it Easten.
"In dit gebouw werden ze gedwongen om tegen betaling een enkele reis te kopen. Een pijnlijk verleden dat niet mag verdwijnen, maar zichtbaar moet blijven", sei Cohen. "Het Beursgebouw is een scharnierpunt geworden in de systematische vernietiging van Joodse burgers."
Cohen wol dêrom graach dat der in monumint, byld of plakette by it gebou komt "dat de vertrekkende Joodse Leeuwarders verbeeldt. Een zichtbaar teken van verlies."
Hy ropt keunstners op om mei ideeën te kommen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.