Statushâlders net ûnderbrocht yn eardere skoalle Oerterp: "Allinnich mar ferliezers"
Der komme gjin statushâlders yn de eardere skoalle De Twirre yn Oerterp. It kolleezje fan de gemeente Opsterlân woe it gebou ombouwe ta in trochstreamlokaasje foar fiifentweintich statushâlders en seis wenningen foar oare ynwenners.
In mearderheid fan de ried is lykwols tsjin dizze plannen.
Ynwenners en de partisipaasjegroep út it doarp seagen leaver dat it pân sloopt wurdt en dat der permaninte of flekswenten komme. No bliuwt de skoalle leech en is ûndúdlik hoe't de gemeente fierder sil mei de opfang fan statushâlders.
Gjin oplossing
"We ha no allinnich noch mar ferliezers. Dit lost noch neat op. Der is noch gjin oplossing", seit Johannes Blom. Hy wennet rjocht foar de âlde skoalle oer en sjocht hoe fertutearze it gebou derby stiet.
Blom siet fan it begjin ôf by de partisipaasjegroep yn it doarp. "Moaie nije wenningen, dat hiene we it leafste hân."
Bewenner Sietse Booi slút him dêrby oan, mar seit ek dat in trochstreamlokaasje ek gjin oplossing wie. "Dan hiene we minsken hân dy't trochstreame moatte nei sosjale hierwenningen. Dy binne der net."
Neffens him spilet dizze kwestje net allinnich yn Oerterp. "De basisfoarsjenningen foar Nederlanners, dêr mankearret it oan. Dat is der gewoan net mear."
Moatte je dan 1,4 miljoen ferspikerje yn in gebou foar seis jier?
Beide manlju sizze mei klam dat de krityk net rjochte is op statushâlders. Wol sette se fraachtekens by de kosten fan it plan. "Moatte je dan 1,4 miljoen ferspikerje yn in gebou foar seis jier? Wy fine fan net", seit Booi.
Foar De Twirre wiene trije senario's úttocht. De gemeente advisearre senario twa: it gebou fluch yntern ferbouwe ta tolve apparteminten mei in maksimale gebrûkstiid fan seis jier. Nei dy perioade kinne der op de lokaasje permaninte wenningen komme.
Foar de partisipaasjegroep is dit tydlik lapwurk en gjin serieuze ynvestearring yn de takomst fan Oerterp. In trochstreamlokaasje soe neffens de partisipaasjegroep ek gjin stabiliteit en takomstperspektyf biede oan de statushâlders.
Boargemaster teloarsteld
Boargemaster Andries Bouwman fynt it spitich dat de gemeente statushâlders no gjin plakje biede kin. "Je denkt als college met een goed voorstel te komen. We wisten dat het een zwaar vraagstuk was."
Neffens him wie it plan bedoeld as in beheinde, tydlike oplossing. "We dachten een minst belastende oplossing te bieden, met een duidelijke einddatum en een plan voor de buurt."
"Dit is democratie"
It fraachstik oer opfang en wenromte foar statushâlders sil yn Opsterlân op 'e nij op tafel komme, mar wannear en hoe is noch ûnwis.
Bouwman jout oan dat it debat moandeitejûn net oer de lokaasje gie, mar oer it bredere fraachstik fan de spriedingswet en trochstreamlokaasjes.
Oer de fraach oft der no allinnich mar ferliezers binne, seit Bouwman: "Nou, dat vind ik een groot woord. Dit is democratie. Maar ik had natuurlijk graag weer een puzzelstukje gelegd."