De Britske Gracie (22) wol mei in Frysk hynder nei de Olympyske Spelen: "Dat is echt myn dream"
De Britske amazône Gracie Catling hat in grutte ambysje: as earste ea mei in Frysk hynder dielnimme oan de Olympyske Spelen. En dat is bysûnder, want oars as klassike rassen hat it Fryske hynder in eigen fysike styl.
In lange tiid waard it hynder dêrom net sjoen as earste kar foar it allerheechste nivo yn de dressuersport. Mar dat byld feroaret.
"Dat soe echt in dream wêze", seit Catling mei in glimk op har gesicht. "Kinst in hynder nearne better sjen litte as op de Olympyske Spelen."
Mei har 22 jier heart Catling no al ta de absolute top fan de Britske dressuersport.
Ik hâld fan har persoanlikheid. Se binne hiel oars as normale hynders.
Har ambysjes binne grut, mar se is ek realistysk. "Der moat wol in soad by mekoar komme. Sa as it juste momint, it juste plak, it juste hynder, de juste training."
Fryske hynders ûnderskat
Neffens Catling wurdt it Fryske hynder faak ûnderskat, benammen yn it Feriene Keninkryk. "Minsken tinke faak dat it gjin sin hat om in Fries nei in heech nivo te bringen", fertelt se.
Dat byld wol Catling feroarje, want sy sjocht just de kwaliteiten fan it Fryske hynder yn de dressuer. "Hoe mearst mei se wurkest, hoe mear talint datst ûntdekst. En hoe mear se sels wolle wurkje. Se wolle it graach goed dwaan", leit se út.
Wat sy oan it Fryske hynder sa bysûnder fynt? "Ik hâld fan har persoanlikheid. Se binne hiel oars as normale hynders. Se hâlde derfan om by minsken te wêzen en wurkje graach", fertelt Catling.
"En se binne sa yntelligint. It is it yntelligintste ras dat ik oant no ta tsjinkaam bin."
Fan rêdingsponnys nei Grand Prix
Catling groeide yn Grut-Brittannië op tusken de hynders fan har âlders. Mar se learde it riden net op sporthynders dy't al goed traind wiene.
"Ik bin grut wurden mei rêdingsponnys", seit se. Hynders dy't út minne omstannichheden in better libben krigen by har thús. "Ik ried op alles. Dêr learst it measte fan, want dan moatst it echt sels útfine."
Dy ûnderfining brocht har fier. Catling waard de earste ruter yn Grut Brittannië dy't in Frysk hynder oant Grand Prix-nivo brocht. Dat is it heechste nivo yn de dressuer.
Dat docht se mei Jeb, in Frysk hynder dêr't se mei meigroeid is en ferskate nasjonale en ynternasjonale prizen mei wûn hat.
Jehannes 484
Catling wie yn Fryslân fanwegen de hynstekeuring. Se brocht ek in besite oan Stal de Mersken fan de famylje Okkema yn Sigerswâld. Dêr op stâl stiet Ymke, in hynst út Wales dy't se traine sil.
Mar dêr wachte har in moaie ferrassing. Se mocht op ien fan de grutste Fryske dekhynsten ride: Jehannes 484. In hiele ear foar de talintfolle amazône.
"Ik ha in protte ferskillende hynders riden, dus dat skrikt my net. Mar fansels fielt it bysûnder, want hy is eins in soarte fan 'celebrity'", seit Catling. Neffens har hat de hynst sa'n enoarme útstrieling en is er tagelyk hiel kalm.
"Hy wit wat er docht. En dat jout dy in hiel feilich gefoel, ek as der in soad minsken stean te sjen."
Olympyske dream
Foar Catling is it dúdlik: as se ea de Olympyske Spelen hellet, dan wol se dat dwaan mei in Frysk hynder.
"Yn it Feriene Keninkryk wurdt dressuer oer it algemien ride mei waarmbloedhynders, en Fryske hynders binne hiel seldsum op dat nivo", leit se út. "Mar ik tink dat as minsken echt sjogge wat Fryske hynders kinne, se se folle serieuzer nimme sille."
Har Olympyske dream mei in Frysk hynder liket noch fier fuort, mar dochs is Catling net fan har plan ôf te praten. "Ik tink dat der noch genôch tiid is", laket se.