Twa wrâlden, ien leafde: Saskia fan Ljouwert bekearde har ta de islam

Saskia bekearde ta de Islam, nei't se mei in moslim troude © Maarten Dikken
Saskia en har man komme út twa hiel ferskillende wrâlden, mar sy fûnen inoar yn de leafde.
Sy waard katolyk grutbrocht mei it gefoel dat de wrâld foar har iepen lei.
Hy kaam nei Nederlân mei neat, nei in flecht út Syrië en mei in ferhaal dat al generaasjes earder begûn wie.
In leafde dy't net allinnich oer de grinzen fan de kultuer en de taal gie. It sette ek har eigen leauwen yn beweging.
Vanaf het moment dat ik hem zag, wist ik dat ik oud met hem wilde worden.
Saskia Eertman oer de earste moeting mei har man
Doe't Saskia him foar it earst seach, wist se it. Net omdat it logysk wie, mar omdat it sa fielde.
"Vanaf het moment dat ik hem zag, wist ik dat ik oud met hem wilde worden."
Dochs besocht se it earst noch tsjin te hâlden. Want hoe realistysk is it: in Nederlânske frou út Ljouwert en in Palestynske man dy't út Syrië flechte is en in hiel oare kulturele achtergrûn hat?
Mar nacht nei nacht dreamde se fan him. Se besleat om it in kâns te jaan.

Twa wrâlden dy't inoar moetsje

Se praten fan it begjin ôf Nederlânsk. Hy koe gjin Ingelsk, sy gjin Arabysk. Hy hie de taal gau yn 'e macht.
Hy flechte fiif jier lyn nei Nederlân út Syrië wei, mar is Palestynsk fan komôf. Syn famylje wie earder ek alris twongen om alles efter te litten.
Saskia is troch de leafde bekeard ta de islam © Maarten Dikken
Leafde wie der, mar net sûnder foarbehâld. Yn it islamityske leauwen is in relaasje gjin tuskenstap.
As je tegearre wêze wolle, moat it serieus wêze. En dus moast earst syn heit witte fan Saskia har bestean.

Har leafde bekend meitsje

Dat makke it kwetsber. By in besite oan kunde waard him sels frege oft er net in frou út Syrië helje woe. Saskia koe neat sizze.
"Ik vond het zo moeilijk en ik wilde begrip tonen voor zijn situatie, maar ik voelde me er helemaal niet fijn bij."
Hy seach har striid en belle dy jûns noch syn heit. "Papa, luister, ik ben met een Nederlandse vrouw en ik houd van haar."
Ik belde hem en zei: lieverd, ik moet je iets vertellen: ik ben bekeerd.
Saskia Eertman bekearde har ta de islam
Fan dat momint ôf wie it iepen. Syn âlden namen har mei iepen earms op yn de famylje en har eigen âlden diene itselde mei him.
"We hebben allebei hele steunende ouders", seit Saskia. Dat makke romte.

Leafde dy't ek it leauwen rekket

Saskia waard katolyk grutbrocht, mar ferlear it leauwen yn har puberteit.
Se ferdjippe har yn de islam, stelde fragen, twivele.
"Ik heb steeds tegen mijn man gezegd: je moet niet te veel van me verwachten, want ik weet het niet."
Se naam de tiid. En keas úteinlik sels.
Se bekearde har en die dat yn stilte. "Allah is mijn getuige", dat wie genôch. Dêrnei belle se har man.
"Ik belde hem en zei: lieverd, ik moet je iets vertellen: ik ben bekeerd."
Hy wie ferrast en ferskuorrende bliid.

Troud yn in pizzeria

It houliksoansyk wie net grut of romantysk. "Wil je met mij trouwen?", frege er gewoan, wylst Saskia thús siet omdat se har net lekker fielde. Dat wie it.
Letter, op fakânsje yn Albanië, krige it ferhaal syn eigen foarm.

Podcastrige 'It Knottekistje' oer Friezen en de leafde

Fries Museum op Paad, Leen een Fries en Omrop Fryslân presintearje de nije podcastsearje 'It Knottekistje'.
It is in seisdielige rige wêryn't Friezen iepenhertich fertelle oer bysûndere leafdes en relaasjes. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal sintraal.
Yn dizze fiifde ôflevering fertelt Saskia (fanwege privacy neame wy har achternamme en de namme fan har man net) oer har relaasje mei in man dy't moslim is. Sels is se katolyk grutbrocht.
Omrop Fryslân makket dizze podcast yn oparbeidzjen mei Fries Museum op Paad - want yn de museumbus is ek in knottekistje te bewûnderjen - en Leen een Fries, in inisjatyf fan FERS en de Fryske Biblioteken.
Se bepraten tegearre de opsje om yn Albanië te trouwen. Se koene yn 't foar neat regelje, mar foar de wissichheid gie de troujurk mei yn de koffer.
By in moskee rekken se oan 'e praat mei in man dy't wol in imam regelje woe dy't harren trouwe koe.
Uteinlik trouden se yn Tirana, mei in imam dy't se net kenden en twa tsjûgen dy't se nea earder sjoen hiene.
Net yn in moskee, mar yn in pizzeria.
It houlik duorre twa minuten en dêrnei krigen se pizza. "Het was hilarisch, wát een avontuur!"
Saskia draagt in ring mei it infinity teken © Maarten Dikken
Se wenje noch altyd net byinoar. Hy by syn famylje earne yn it westen, sy yn Ljouwert by har famylje. It wurket, omdat se net better witte. En omdat se inoar romte jouwe.
"Het helpt ook denk ik dat we vanaf het begin niet beter weten. We hebben nooit dicht bij elkaar gewoond, dus we hebben altijd moeten reizen om elkaar te zien."
Hij heeft heel weinig en wil toch alles met iedereen delen.
Saskia Eertman oer har man
"Mijn man inspireert mij heel erg en dat is de reden waarom ik zo van hem houd. Hij heeft heel weinig en wil toch alles met anderen delen."
As se tegearre troch in stêd rinne dêr't immen sit te biddeljen, dan giet Saskia har man altyd ta de bûse.
"Ik kon dan nog denken dat het mijn geld is waar ik heel hard voor heb gewerkt, maar zo denkt hij niet. Hij heeft mij daarin veranderd want we moeten toch samen de wereld een betere plek maken."

'Infinity'-ring as symboal foar de leafde

As symboal foar de leafde draacht se in 'infinity'-ring, want leafde hâldt net op. Net by ferskillen, net by ôfstân.
In teken fan ûneinige leafde: it infinity teken © Maarten Dikken
"Liefde is doorgaan en niet opgeven", beslút Saskia.

Leaver harkje nei dit ferhaal?

De podcast It Knottekistje ferskynt alle sneinen op Spotify en iTunes. Boppedat is in ynkoarte ferzje fan it ferhaal te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries, sneins om 11.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.