Tv-sjoernaal Fryslân Hjoed wurdt yn nij jaske stutsen

De presintatoaren fan Fryslân Hjoed © Omrop Fryslân
It tv-sjoernaal Fryslân Hjoed wurdt yn in nij jaske stutsen. It programma feroaret mei mei de nije tv-wetten, leit haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân út.
Fan 26 jannewaris ôf wurdt it regionale nijs op telefyzje oars brocht. Dat hat te krijen mei de wize wêrop't minsken nijs meikrije.
Dy wize feroaret hurd. Fia ynternet, apps en social media bliuwe minsken de hiele dei op de hichte.
Op it stuit dat Fryslân Hjoed begjint, binne in soad sjoggers eins al hielendal by.
"Dat ropt de fraach op wat op dat stuit de funksje fan telefyzje is", seit Spijkers. "It freget om in oare oanpak en in oare wurkwize."
We moatte wol mei de tiid mei.
Haadredakteur Ingrid Spijkers (Omrop Fryslân)
Telefyzje is no noch it grutste Omrop-kanaal, mar yn tsien jier tiid is it wol minder grut wurden.
"Radio en telefyzje bliuwe wichtige kanalen foar ús", fynt de haadredakteur. "Mar we moatte wol mei de tiid mei."
Dat betsjut in lossere toan, koartere items, faker ferslachjouwers yn byld dy't it ferhaal fertelle en mear grafyske eleminten.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust © Omrop Fryslân
"Ferslachjouwers meitsje yn earste ynstânsje items foar de webside, de app en de socials", leit Spijkers út.
"Dy items wurde letter geskikt makke foar televyzje. Yn it ferline wie dat oarsom."
Dat betsjut ek in omslach yn de tinkwize fan de makkers.
Spijkers: "Dy moatte mear tinke út online wei, mar se moatte ek oars sjen nei de wize fan montearjen en neitinke oer grafyske eleminten."

Presintatoaren

Wat wol bliuwt, binne de presintatoaren. Arjen de Boer hâldt op mei Fryslân Hjoed, mar Jantine Weidenaar, Maaike van der Hoek, Lars de Leeuw en Timo Jepkema bliuwe wol te sjen.
"In presintator yn byld makket it persoanliker", wit Spijkers. "Dat soarget foar mear bining mei it publyk."
Jantine Weidenaar is al in oantal jierren presintator fan Fryslân Hjoed © Omrop Fryslân
Dat der op dit stuit gjin presintator yn byld is, hat te krijen mei it feit dat de studio ferboud wurdt foar de nije ferzje fan Fryslân Hjoed.
"De presintator komt mear los fan de desk, der komt in skerm om grafyske eleminten goed yn byld te bringen, wy meitsje nije foarmjouwing, in nij draaiboek en nije leaders."

Slachte of PC? Leaver streekrjocht

Fryslân Hjoed sil mear as no in round up jaan fan it nijs fan de dei. "In stevige gearfetting, sis mar", seit Spijkers.
It Fryske publyk, benammen de wat âldere doelgroep, sjocht noch wol lineêr. Mar de trend is dat dat hieltyd minder bart.
"Searjes en dokumintêres sjogge minsken hieltyd faker on demand, op in momint dat it de sjogger goed útkomt", wit Spijkers.
Dochs is de ferwachting net dat lineêre televyzje folslein ferdwynt.
Spijkers: "De Slachtemaraton, de Fytsalvestêdetocht, de PC of grutte kalamiteiten... Dat binne saken dy't minsken sjen wolle op it stuit dat it bart."
Ingrid Spijkers © Omrop Fryslân
By dizze feroaring gie de Omrop net oer ien nacht iis.
Der is in analyze makke fan it publyk en it sjochgedrach, der binne ûndersyksrapporten bestudearre en der is sjoen nei hoe't oare omroppen besykje mei de tiid mei te gean.
"Der is in algemiene beweging en dêr geane wy yn mei", seit Spijkers. "It wurdt allegear krekt wat flotter én foar meardere kanalen geskikt."

Reaksje publyk is altyd spannend

Hoewol't it net om in revolúsje giet, is it de fraach hoe't sjoggers de feroarings ûntfange.
Spijkers: "Dat is altyd spannend. Wat fynt it publyk? Hoe reagearje de sjoggers?"
De feroaringen binne op 26 jannewaris foar it earst te sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.