Sykte makke de leafde fuortendaalks hiel yntins by Eelke en Geesje Duursma

Eelke en Geesje Duursma foar it rút yn De Pleats © Maarten Dikken
"Us leafde waard fuortendaalks hiel yntins", seit Eelke Duursma oer syn relaasje mei Geesje. Al nei in pear wike ferkearing die bliken dat Geesje slim siik wie: skyldklierkanker.
Yn de perioade fan behannelingen dy't folge, wie Geesje harsels net.
"De skyldklier hat ek in hiel soad ynfloed op alles wat hjir boppe plak fynt", seit Geesje en se wiist nei de holle.
"Ik fûn Eelke doe hielendal net leuk en ik wie koart foar de kop."
Eelke wist wêr't dy feroaring yn har gedrach wei kaam en hold oan as storein.
"Ik wist net datst der sa'n fertriet fan hawwe koest. Ik haw wolris op de trep sitten te gûlen. Ik haw nea twivele, mar ik haw wol benaud west", seit Eelke oer dy perioade.

Podcastrige 'It Knottekistje' oer Friezen en de leafde

Fries Museum op Paad, Leen een Fries en Omrop Fryslân presintearje de nije podcastsearje 'It Knottekistje'.
It is in seisdielige rige wêryn't Friezen iepenhertich fertelle oer bysûndere leafdes en relaasjes. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal sintraal.
Yn de twadde ôflevering fertelle Eelke en Geesje Duursma út Burgum oer harren relaasje, dy't al hiel gau op de proef steld waard trochdat Geesje slim siik waard.
Omrop Fryslân makket dizze podcast yn oparbeidzjen mei Fries Museum op Paad - want yn de museumbus is ek in knottekistke te bewûnderjen - en Leen een Fries, in inisjatyf fan FERS en de Fryske Biblioteken.
Geesje werstelde fan de sykte en waard stadichoan wer de âlde Geesje. Nei oardel jier ferkearing trouden se.
"Hy frege my op fakânsje, op Gran Canaria. Eelke gie ûnder in palmbeam op 'e knibbels", fertelt Geesje.
Geesje hat in soad enerzjy. Yn it begjin besocht ik dêryn mei te gean, mar dat is ûnmooglik.
Eelke Duursma oer Geesje
Dêrnei folgen drokke, mar gelokkige jierren. Eelke en Geesje krigen twa bern en wurken hurd.
De Pleats yn Burgum is harren bedriuw dêr't se seis dagen yn 'e wike te finen binne. Mar dat is net alles.
"Geesje hat in hiel soad enerzjy. Yn it begjin besocht ik dêr yn mei te gean, mar dat is ûnmooglik", seit Eelke oer syn frou.
Eelke en Geesje Duursma yn De Pleats, in restaurant en partysintrum yn Burgum © Maarten Dikken
Geesje sette har yn foar goed ûnderwiis foar harren bern, wie aktyf yn bestjoeren en kommissariaten en die de stúdzje gastfrijens, dêr't se ek op promovearre.

In soad partnertiid

Dat it altyd drok wie, stie harren relaasje net yn de wei.
"Omdat wy tegearre yn ien bedriuw wurkje, hawwe wy ek alle dagen tiid foar elkoar. We starte moarns al betiid op mei in bakje kofje en tusken it wurk troch sitte wy ek geregeld efkes kofje te drinken. Wy hawwe echt in soad 'partnertiid'."
Eelke en Geesje drinke in pear kear deis tegearre in bakje kofje © Maarten Dikken
Mar op 'e nij sloech it needlot ta.
Earst wie it in moederflekje dat in melanoom bliek te wêzen. Se wiene der op 'e tiid by en tochten wer fierder te kinnen.
Mar dat wie net sa.
"Ik hie foar kontrôle west by de boarstebus en doe stie de hûsdokter ynienen foar de doar. It wie mis."

Boarstkanker

By in second opinion yn in klinyk yn Bilthoven die bliken dat der sels twa tumoaren yn it boarst sieten. Se waard operearre en bestriele.
Geesje Duursma waard in pear kear konfrontearre mei in slimme sykte © Maarten Dikken
Tegearre beslute se om gjin gemoterapy te dwaan.
"By myn foarm fan kanker is de kâns dat gemo wat úthellet lyts. Yn 97 persint fan de gefallen hat de gemo gjin doel."
Geesje keas foar kwaliteit fan libben.
Eelke Duursma
It wie net in maklik beslút, mar Eelke seit:
"Geesje keas foar kwaliteit fan libben. En ûnder de autoritsjes fan en nei Bilthoven hiene we alle tiid om der goed oer te praten."

Prate helpt

Neffens Geesje is Eelke net sa'n prater. Hy hat it leard en dat moat ek wol yn de situaasje dêr't se yn sitte.
"Ik haw dêr help by krigen", seit er dêr sels oer.
"Want it hie allegearre dochs in hiel soad ympakt. Net allinne de boarstkanker no, ek de skyldklierkanker fan earder. Dy petearen hawwe my hiel goed dien dien en hat ús leafde noch mear fersterke."

Harkje nei it bysûndere leafdesferhaal fan Eelke en Geesje Duursma

De podcast It Knottekistje ferskynt alle sneinen op Spotify en iTunes. Boppedat is in ynkoarte ferzje fan it ferhaal te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries, sneins om 11.00 oere.
De behannelingen binne no dien en it liket allegear goed. Geesje wurket wer mei bakken fol enerzjy yn it bedriuw.
"Mar der binne ek dingen dy't ik net doch, dy kin ik net."
"Okkerdeis fersoargen wy de begraffenis fan in frou fan myn leeftiid dy't stoarn wie oan boarstkanker. Dan kin ik net gastfrou wêze. Dat docht Eelke dan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.