Balk kin oer seis jier fan it gas ôf: oanlis waarmtenet wurdt trochset
Nei fiif jier fan plannen en ûndersiken binne se derút yn Balk: in grut part fan it doarp kin fan it gas ôf mei in waarmtenet.
De inisjatyfnimmers fan it projekt Eigen Warmte Balk binne der fan oertsjûge dat dat mooglik is. Hielendal no't twatredde fan de Balksters sein hat dat se ynteresse ha yn it waarmtenet.
It plan is om de hûzen dy't der op oansletten wurde te ferwaarmjen mei restwaarmte fan it bedriuw AVK Plastics en fia akwatermy mei wetter út de Luts, it wetterke dat troch Balk streamt.
"We hiene ússels trije doelen steld op grûn wêrfan't we sizze: dan giet it troch", seit projektlieder Goffe Venema. Der moast in goed technysk ûntwerp komme, it moast rendabel wêze foar minsken om der oan mei te dwaan, en genôch ynwenners moasten der belang by ha.
Folgjende stappen
Dêr is allegear oan foldien. "En dat makket dat we no de folgjende stappen sette kinne."
De projektgroep giet no earst fierder mei it ûntwerp foar it waarmtenet. Dêrnjonken wurde de oanbesteging en in subsydzje-oanfraach fan tusken de tsien en trettjin miljoen euro taret.
En mei help fan de gemeente De Fryske Marren besjocht de projektgroep wat der allegear oan prosedueres en fergunningen nedich is.
De minsken fan Eigen Warmte Balk kieze der bewust foar om it hiele proses yn stikjes op te knippen. Sadwaande kin hieltiten opnij besjoen wurde oft it projekt helber bliuwt.
"Dat is it no noch altiten. Mar we wolle foarkomme dat we in hiel soad tiid en ek jild stekke yn yts dat net helber is", seit projektlieder Venema.
As der gjin garânsjefûns komt, wurdt it foar ús lestich.
Want it kin noch altiten misgean, bygelyks by de oanbesteging. "Stel dêr komme partijen út dy't oan it rekkenjen geane en op hiele oare prizen komme", seit Venema.
De projektgroep hopet op jild fan it Ryk, út in garânsjefûns foar waarmtenetprojekten. Mar dat fûns is der noch net en as it der komt, is it no nochal foaral ynrjochte op projekten yn grutte stêden. As dat net feroaret, hat Balk der neat oan. "Dan wurdt it foar ús ek lestich."
Dochs leauwe se der yn Balk resolút yn dat it goedkomt. It projekt wurdt droegen troch in tal sterke partijen, lykas it bedriuw dat de restwaarmte leveret en in part fan de ynvestearrings foar syn rekken nimt.
Ek wichtich is de wenningkorporaasje dy't syn hûzen op it waarmtenet oanslute wol.
Fan it gas ôf
As alles nei winsk ferrint, giet oer twa jier de skeppe yn de grûn foar de oanlis fan it waarmtenet. Venema tinkt dat in grut part fan Balk dan in jier as fjouwer letter fan it gas ôf is.
"Balk kin net ien jier hielendal iepenlizze om alle liedingen yn de grûn te krijen, dus it wurdt 2031, 2032. Sok yts."