Boer Bram hat 300.000 kilo woartels dêr't er net fan ôf komme kin
De loads fan kweker Bram Joostema út Minnertsgea leit fol mei woartels. De bedoeling wie dat dy nei in supermerk gean soene, mar dy keas úteinlik foar oare woartels. Dêrtroch bleau Joostema mei 300.000 kilo woartels sitten.
"Dy ha we krekt foar de krystdagen noch roaid", seit Joostema oer de woartels.
It rispjen sûnder ôfset bringt risiko's mei him mei. Mar de woartels stean litte, is skealik foar de boaiem. Dat wie foar harren dan ek gjin opsje: "Sitte litte koene wy net oer ús hert krije."
In nij baaske
Joostema leveret al fiif jier oan deselde supermerkketen. Doe't dy oanjoech foar oare woartels te gean, wiene de woartels yn Minnertsgea al ynsiedde.
Dêrom binne sy no drok oan it sykjen nei oare ôfnimmers. "Wy hoopje dat dizze aanst in nij baaske fine."
De itensbank en Oekraïne
Dêrfoar krije sy út meardere hoeken al help oanbean. Sa ek fan No Waste Army, in ynstânsje dy't him ynset tsjin it fergriemen fan iten. Sy binne in aksje begûn om it bedriuw te helpen by it kwytreitsjen fan de woartels.
"Der giet in gedeelte nei harren en in gedeelte nei de itensbank", seit Joostema. Ek giet in part nei Oekraïne.
Dat giet lykwols mar om lytse hoemannichten, en dus hopet er dat der ek noch in keaper komt dy't de rest fan de woartels foar in goede priis oernimme wol.
De kweker seit dat dit in goede les foar him wie. Hy sil fan no ôf ôfspraken better fêstlizze op papier. Op dy manier hopet er net wer yn dizze situaasje te kommen.
No Waste Army
Minsken dy't graach farske woartels ha wolle, kinne meidwaan oan de aksje fan No Waste Army. Op harren webside kinst in boadskippetas mei woartels bestelle en dizze op 16 en 17 jannewaris by Bram ophelje yn Minnertsgea.