Hurdriders yn Harns: Kimswerderweg omdoopt ta Max Verstappen Allée

Kimserderweg yn Harns wurdt Max Verstappen Allée © Arjen Miedema
De Kimswerderweg yn Harns is mei âld en nij omdoopt ta Max Verstappen Allée. It giet om in ludike aksje fan buertbewenner Arjen Miedema.
Hy striidt al langer foar oanpassingen fan de dyk, omdat der neffens him fierstente hurd riden wurdt.
De Kimswerderweg is de trochgeande dyk fan Kimswert nei it stasjon. Healwei sit in winkelsintrum mei in pear grutte supermerken.

Mear drokte

Troch nijbouprojekten en de oanpassingen oan de N31 by Harns is it de lêste jierren folle drokker op de dyk.
Miedema makket him benammen drok oer de snelheden by it sebrapaad oan de begjin fan de Kimswerderweg.
De Kimswerderweg yn Harns © Arjen Miedema
"Myn dochter hat in twilling en soe oerstekke by it sebrapaad. Mar dêr waard se hast fan de sokken riden. Doe wie foar my de maat fol", sa motivearret Miedema syn aksje.
Hy hat al oankloppe by ferskate gemeenteriedsfraksjes om omtinken te freegjen foar de situaasje op de Kimswerderweg.

Hegere drompels

"En op 16 desimber krige ik in útnûging fan de gemeente. Dêr ha'k gau op reagearre, mar sûnt dy tiid ha ik neat mear heard."
"Dêrom ha ik buordsjes besteld mei 'Max Verstappen Allée' derop. Dy ha'k yn de âldjiersnacht ophongen."
Miedema fynt dat der hegere ferkearsdrompels komme moatte. Ek soe it sebrapaad trochrinne moatte oer it fytspaad en soe de ferljochting by it sebrapaad in stik better kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.