Fryske beppes bouwe hûzen foar Ugandeeske 'grannies': "Je moatte net allinnich foar jesels libje"

Fryske en Ugandeeske beppe's © Grannies2GranniesFriesland
Wylst ûntwikkelingshelp troch grutte besunigings fan de oerheid flink ûnder druk stiet, litte de âlve beppes fan Grannies2GranniesFriesland sjen dat stipe ek fan ûnderôf komme kin. Al jierren sammelje sy jild yn om bettere hûzen te bouwen foar beppes yn Uganda.
De Fryske beppes Ria, Marijke, Klaske en Alie sitte byinoar nei in filmke te sjen dat se koartlyn yn Uganda makke ha. Dêryn krijt in Ugandeeske beppe te hearren dat se in stiennen hûske krije sil.
Se kin it amper leauwe, begjint te gûlen en sakket oerweldige op 'e grûn del.
"Ze woont in een ongelofelijk oud krotje, dat is niet voor te stellen hoe slecht die hutjes daar zijn", fertelt Ria Bakker. "Wy soene de geit der noch net ynsette", leit Marijke Dijkstra fierder út.
It filmke rekket de Friezinne noch altyd: dit is wêr't se it foar dogge. "Het is een enorm geschenk voor haar."
Ik denk niet dat die man ooit in Afrika geweest is. Dat hij geen idee heeft waar hij over spreekt.
Ria Bakker oer PVV-lieder Geert Wilders
PVV-lieder Geert Wilders rôp yn oktober yn syn ferkiezingskampanje op om op te hâlden mei alle ûntwikkelingshelp.
"Dan hebben ze misschien iets meer honger in Afrika, maar hier niet", sa sei er yn it ferkiezingsdebat by de NOS. Ria wurdt dêr noch altyd hiel lilk fan.
"Ik denk niet dat die man ooit in Afrika geweest is. Dat hij geen idee heeft waar hij over spreekt".
Se sjocht sels ek dat der yn Nederlân minsken binne dy't it min ha en dreech rûnkomme kinne. "Maar het is niet te vergelijken met de situatie in Afrika."
In âld húske yn Uganda © Grannies2GranniesFriesland
De Ugandeeske beppes libje yn lytse hutsjes fan stokken oansmard mei klaai en in dak fan ferrustke golfplaten. It lekt der, rein spielt ûnder de hûzen troch en der rinne rotten frij om.

Swiere omstannichheden

De beppes wenje der net allinnich, mar mei wol acht bernsbern. Troch hiv en aids is in hiele generaasje âlden ferstoarn en binne it de beppes dy't op hege leeftyd de folsleine ferantwurdlikens ha.
"Dat is ûnfoarstelber", fynt Marijke. "Die oma's moeten op hoge leeftijd zelf weer aan het werk om wat geld te verdienen", seit Ria.
In nij stiennen hûs yn Uganda © Grannies2GranniesFriesland
Foar sa'n fjouwertûzen euro kin der in stiennen hûs boud wurde foar in beppe.

Nij hûs, nije takomst

Dat wurdt dien troch lokale ûndernimmingen yn Uganda, sadat ek de lokale ekonomy profitearret.
"De nije húskes binne fan stien en seis by fiif meter. Mei in wenkeamer en twa sliepkeammerkes. Mei in moai dak derop", seit Klaske. "In betonnen flier dy't moai ôfwurke is. In sinnepanieltsje op it dak, sadat der ek ljocht yn de húskes is. En in lampe yn eltse romte", leit se fierder út.
Alle jierren komme de beppes wer nei Uganda om te sjen hoe't de 'grannies' mei in nij hûs derby sitte. "Se wurde selsfersekere, de sûnens knapt op, se fiele dat se der ta dogge", seit Marijke.
Marijke Dijkstra © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Neist húsfesting is ûnderwiis foar de bernsbern essinsjeel. "Alleen zo doorbreek je die spiraal van armoede", seit Ria. Net alle bern ha it jild om nei skoalle te gean of moatte wurkje om genôch iten te ha.
Klaske is dêr benammen drok mei dwaande, om de bern dêrby te helpen. "It begûn mei in pear bern en dit jier binne der wer fyftich by kaam".
Ria Bakker © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De Fryske beppes sammelje dêrfoar sûnt 2011 jild yn fia donateurs, foarljochtingsgearkomsten, tsjerketsjinsten en de ferkeap fan produkten út Uganda.

"Mear foar in oare minske betsjutte"

"Ik wol wat foar in oar minske betsjutte. Dat is de reden. Je moatte je ynsette foar oaren. Net allinnich foar josels libje", fertelt Alie de Bruin. Se sit al sûnt it begjin by de grannies en giet troch oant se net mear kin.
En dat jildt foar alle beppe's. Ria: "Wij timmeren ontzettend aan de weg. We zijn met elf vrouwen en we werken er heel hard voor om ons verhaal te vertellen".

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.