In ramp of grutte kalamiteit: wat is de rol fan Omrop Fryslân?

Heech wetter yn de Waadsee, lykas hjir by Holwert © Kappers Media
Ekstreem waar. Gjin elektrisiteit, gas, wetter, ynternet of telefoan. Oerstreamings. Cyberkriminaliteit. It binne in pear fan de risiko's dy't Fryslân rint neffens de Veiligheidsregio.
Hieltyd faker klinkt it boadskip: it is net de fraach oft der wat bart, mar wannear't der wat bart.
Is dat in gedachte dy't haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân dielt?
"Ja en nee", seit sy. "Oan de iene kant binne wy kwetsber, binne der mear natuerekstremen, problemen mei it elektrisiteitsnet en binne wy in tichtbefolke lân."
De kâns dat der sa'n rampdei komt, is grutter as de kâns op in Alvestêdetocht.
Haadredakteur Ingrid Spijkers (Omrop Fryslân)
Mar der is ek in oare kant: "It is al santich jier net bard."
Dochs hat Spijkers der wolris pinebúk fan: "De kâns dat der sa'n rampdei komt, is grutter as de kâns op in Alvestêdetocht."
Ingrid Spijkers © Omrop Fryslân
By in grutte ramp kin de oerheid de rampestjoerder (of kalamiteitestjoerder) ynsette. Yn Fryslân is dat Omrop Fryslân.
Dat betsjut dat Omrop Fryslân ynformaasje jout as der in needsituaasje is.
By de brân by ôffalferwurker ATF yn Drachten kamen yn 2000 skealike stoffen frij © Omrop Fryslân
Dat is no al de normale praktyk. Omrop Fryslân docht ommers al ferslach fan grutte ynsidinten.
Mar as der bygelyks gefaarlike stoffen frijkomme en in soad minsken fuortendalik harren hûs út moatte, of as der in stroomsteuring is dy't lang driget te duorjen, dan moat Omrop Fryslân de reguliere programma's dêrfoar ûnderbrekke en kin de stjoerder ynset wurden as rampestjoerder.

Win in needradio

Mei yngong fan dit jier jouwe wy alle moannen op de earste moandei fan de moanne omtinken oan de fraach 'Wat te dwaan yn needsituaasjes?'
Dat dogge wy troch op dy moandei in needradio fuort te jaan op de radio, mar ek mei in rige nijsgjirrige artikels op ús webside en radio-items oer fragen as: 'Wat as ik 72 oeren sûnder wetter kom te sitten?' Of: 'As it gsm-ferkear platleit, kinne wy ús dan anno 2026 noch wol rêde?'

Wat moatst dwaan?

As op de earste moandei fan fan de moanne de sirene klinkt, app dan it wurd needradio nei 06 20 499 199 of ferstjoer it fia de Omrop App. De winner wurdt bekendmakke op de radio yn it programma No yn Fryslân (12.00-13.00).
"De foarsitter fan de Veiligheidsregio, dat is no Sybrand Buma, bellet my op in spesjale needtelefoan", fertelt haadredakteur Spijkers oer de rol fan Omrop Fryslân as rampestjoerder.

Yn it Nederlânsk

"Dy telefoan giet bûten it normale netwurk om, en Buma kin dan út namme fan de oerheid de stjoerder claime om offisjele berjochten troch te jaan. Dat bart dan yn it Nederlânsk. Dat is ferplichte."
Radio is dan it earste kanaal, al is it wol de bedoeling dat ek oare kanalen sa goed mooglik draaien bliuwe.
Yn de praktyk kin soks der sa útsjen:
Buma bellet Spijkers, presintator Arjen Overmaat moat it programma No Derfoar! ûnderbrekke en plakmeitsje foar de Veiligheidsregio dy't ien of mear meidielings oan de befolking kwyt kin.
It programma giet dêrnei fierder, al kin it wêze dat de meidieling noch in oantal kearen werhelle wurdt.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert is op dit stuit foarsitter fan de Veiligheidsregio © Omrop Fryslân
"En dat is dan eins noch de ideale situaasje", warskôget Spijkers.
De Veiligheidsregio kin ek nachts belje: "Wy moatte dan binnen in heal oere op stjoerder wêze."

Ofhinklik fan de ramp

Ofhinklik fan de situaasje is it de fraach hokker en hoefolle minsken oft Omrop Fryslân dan ynsette kin.
"Ast tinkst oan in grutte stroomsteuring", seit Spijkers. "Dan bist as rampestjoerder eins sels ek ûnderdiel fan de kalamiteit."
"Wy hawwe in diselaggregaat dêr't wy 72 oeren mei trochdraaie kinne", leit Spijkers út. "Mar as it langer duorret, is it ek de fraach of wy nije disel krije kinne. En hawwe wy wol wetter dan?"
Skylge oefene begjin oktober al in senario mei in grutte stroomsteuring. It waard tsjuster en kâld. Nei in heal oere gie it mobile netwurk út de loft en koe gjinien mear belje mei mobile telefoans.
Skylge oefene al op in stroomsteuring © Shutterstock/Omrop Fryslân
Hoewol't Omrop Fryslân de earste en wichtichste mediapartner fan de Veiligheidsregio is op dat stuit, is it net fanselssprekkend dat alles trochdraaien bliuwt.
"As it giet om saken as brânstof en wetter, dan geane de soarch en it leger foar", wit Spijkers.
It is saak om dan dochs sa gau en sa goed mooglik de normale sjoernalistike taken wer op te pakken.
Spijkers: "It is dan de fraach: wa kin op it wurk komme en wa net? Sa gie it yn de coronaperioade somtiden ek. Dan seagen wy moarns wa't der wol wie en wa net."
Earlik is earlik... Ik sjoch der net nei út.
Haadredakteur Ingrid Spijkers (Omrop Fryslân)
Dat kin spannend wêze.
"Mar wy binne kreatyf en kinst dy net op alles tariede. Wy hawwe in ynventive ploech technisy, mar earlik is earlik... Ik sjoch der net nei út."
It soe nei alle gedachten âlderwetske sjoernalistyk opsmite.
"Minsken geane op paad, helje ferhalen op en komme mei har materiaal werom nei de studio", tinkt Spijkers. "Efkes fia wifi of 5G wat trochstjoere sil net sa maklik gean."
Ynformaasjeboekje Denk Vooruit © NCTV
Guon minsken fine oproppen om needpakketten yn te slaan en aksjes as Denk Vooruit in foarm fan bangmakkerij en stimmingmakkerij.
Der binne sels guon dy't de ynformaasjefolder oer needsituaasjes weromstjoerd ha nei it ministearje.
Neffens Spijkers is der gjin sprake fan bangmakkerij.
"Wy witte dat de stroom útfalle kin, we witte dat it waar ekstremer wurdt. Wêr't it my om giet, is dat de minsken witte dat sy dan by ús wêze moatte."
Ien fan de slogans fan Denk Vooruit is net foar neat: 'Noodsituatie? Alleen signaal op regionaal'.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.