Rjochter kritysk op Boer Bart én gemeente: "Iedereen moet kijken naar zijn eigen gedrag"

Boer Bartele en syn bedriuw © Omrop Fryslân
Binnen in wike krijt boer Bartele Holtrop fan Rotstergaast te hearren oft de gemeente in twangsom oplizze mei, as hy trochgiet mei de nevenaktiviteiten op syn bedriuw. Dat is hjoed dúdlik wurden yn de rjochtbank fan Grins.
"Iedereen moet kijken naar zijn eigen gedrag." De rjochter yn Grins is kritysk op sawol Holtrop as de gemeente De Fryske Marren. Dy twa stiene yn de rjochtbank tsjinoerinoar fanwegen in skeel oer fergunningen.
De gemeente De Fryske Marren wol in twangsom oan 'Boer Bart' oplizze, as hy trochgiet mei de nevenaktiviteiten by syn boerebedriuw, lykas in restaurant en in winkel. Hy hat dêr nammentlik de fergunning net foar, seit de gemeente.
Neffens Holtrop soe hy fallyt gean as er dy nevenaktiviteiten net útfiere mei.

Is der sprake fan spoed?

It gie yn de sitting om de fraach oft der sprake is fan spoedeaskjendheid om de twangsom op te skorten.
Advokaat Fonny Krol, dy't de belangen fan Boer Bart behertiget, fynt fan wol: "Cliënt moest activiteiten afzeggen. De kerstperiode is een heel drukke periode", stelt se.
"Het is geen filantropische instelling, dus mijn cliënt heeft hier schade van."
"Dat verbaast me een beetje", reagearret Kevin Timmer, de advokaat fan 'e gemeente dêrop. "In de vergunning die is verleend staat dat er überhaupt geen activiteiten mogen plaatsvinden in deze periode."

Undúdlike fergunning

De advokaat fan Boer Bart stelt dat iepeningstiden en tal aktiviteiten net yn de fergunning fermeld wurde. As dêr in beheining op lizze soe, dan hie dat wol moatten.
"De gemeente vindt wat van het aantal personeelsleden, het aantal parkeervakken, maar dat is niet omschreven in de vergunning."
Boer Bartele Holtrop yn syn restaurant © Omrop Fryslân
De gemeente sjocht dêr oars nei. "Dat zou betekenen: ik vraag een activiteit aan, ik zeg niet hoe vaak, en dan kan ik het in den treure uitoefenen in wat voor frequentie dan ook", seit de advokaat fan de gemeente, dy't dêrmei sizze wol dat dat net sa wurket.
"Feit is dat de gemeente in 2020 een gebrekkige vergunning heeft verleend", stelt Boer Bart. De gemeente stelt dêrtsjinoer: "Als er al onduidelijkheid is over de vergunning, dan komt het door wat er is aangevraagd."

Finansjele gegevens

Holtrop mei maksimaal 10 prosint fan syn ynkomsten út de nevenaktiviteiten helje. Mar neffens Holtrop binne de finansjele gegevens fan it bedriuw net opfrege. Hoe wit de gemeente dan dat de nevenaktiviteiten goed binne foar mear as 10 prosint fan de ynkomsten?
"Wij zien dat er sprake is van strijd met de omgevingsvergunning. Daar gaan we niet financiële gegevens voor opvragen", seit de gemeente, dy't bygelyks sjocht dat der faak folle mear as de fergunde acht auto's op it parkearplak by it bedriuw steane.

Boer Bart: "It is allinnich mar fager wurden"

Nei ôfrin fan de rjochtsaak stelt Holtrop: "It is der allinnich mar fager op wurden." Want Holtrop tocht dat de gemeente de boerewinkel ek seach as ien fan 'e aktiviteiten dy't net mear mei. Mar de gemeente stelde hjoed dat dat gjin probleem is.
Holtrop hâldt fertrouwen yn in goede ôfrin.
De gemeente liet fia advokaat Timmer witte tefreden te wêzen oer de sitting. "Ik verwacht dat er geen schorsing gaat plaatsvinden. Ik hoop dat we voor alle partijen tot een aanvaardbare situatie kunnen komen."
"Het college heeft gekeken: wat zijn de activiteiten en zijn die in overeenstemming met de vergunning?" De konklúzje wie dat dat net it gefal is. "Het komt niet meer in de buurt van de vergunning. Daarmee is het aannemelijk dat de inkomsten ook boven die 10 procent uitkomen."
Holtrop jout ta dat de ynkomsten út nevenaktiviteiten útkomme op 11,67 prosint. Mar dat hie de gemeente ûndersykje moatten.
En boppedat: hoe wurdt soks metten? Telle de ynkomsten fan de ferkeap fan produkten dy't it gefolch binne fan agraryske aktiviteiten bygelyks ek mei?

Sicht op legalisaasje of net?

As der sprake is fan in oertrêding, moat in bestjoersorgaan yn begjinsel hanthavenje. Allinnich as der sprake is fan bysûndere omstannichheden kin dêrfan ôfwykt wurde, stelt rjochter Knuttel.
De fraach is oft der hjir ek bysûndere omstannichheden spylje. It kamp-Boer Bart stelt fan wol. Der soenen bêst mooglikheden lizze om ta legalisaasje te kommen en ek Holtrop sels is wol ree om mei te tinken oer in oplossing.
De gemeente stelt lykwols: "Er is geen aanvraag ingediend. Concreet zicht op legalisatie is niet aan de orde. Verder heeft het college gezegd: wij zijn niet bereid om medewerking te verlenen aan wat er nu gebeurt. Het kan best zijn dat er wel enige ruimte is om de vergunning te actualiseren of aan te passen, maar dat moet allemaal blijken uit de aanvraag."

Finansjele gefolgen en ympakt op 'e buert

In oare mooglike bysûndere omstannichheid is: is hanthavening wol reëel? Want it soe bygelyks liede kinne ta it fallisemint fan it bedriuw.
De finansjele gefolgen wege neffens de gemeente net op tsjin it algemiene belang fan hanthavening. "Bovendien is het een rechtstreeks gevolg van het handelen van Boer Bart."
Buertbewenners hawwe in fersyk ta hanthavening oanfrege. Dêr steane se noch hieltyd efter. "Het is een explosie aan licht, geluid en onrust. Ik zie de omgeving kapotgaan."
Sy stelle boppedat dat Boer Bart hieltyd neffens itselde patroan wurket: earst dwaan en dêrnei pas in fergunning oanfreegje.

Utspraak oer in wike

De gemeente slute ôf troch te sizzen dat Boer Bart eltsenien ophitst hat, wêrtroch't úteinlik de belutsen gemeente-amtner bedrige is.
"Het is heel vervelend voor alle betrokkenen", seit de rjochter dêrop. "Ik denk dat niemand dit uiteindelijk wil. Als iedereen goed kijkt naar zijn eigen gedrag, is dat het beste."
De rjochtbank besiket binnen in wike útspraak te dwaan.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.