KAART: It jier út mei in knal, op dizze plakken sjit Fryslân mei karbid
It is wer tiid om te knallen: de molkbussen kinne fan 'e stâl! Omrop Fryslân hat alle bekende karbidlokaasjes foar dy op in rychje set.
Wolst de knallen fan tichtby meimeitsje? Of just witte wêr'tst hinne moatst om se te ûntwiken? Dan bist hjir op it goede plak.
Fan 246 lokaasjes yn Fryslân is bekend dat der mei karbid sketten wurdt.
Dat binne der 15 minder as ferline jier. It oantal nimt al jierren ôf.
Kinst de kaart net goed sjen? Klik dan hjir.
Der wurdt it meast knald yn de gemeente Noardeast-Fryslân: op 34 plakken.
Mar ek Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen kinne der wat fan. Dochs is it yn dy earste twa gemeenten minder as yn eardere jierren.
Skiermûntseach is de iennige gemeente dêr't gjin inkelde fergunning foar it karbidsjitten ôfjûn is.
Eaststellingwerf net bekend
Yn de measte gemeenten moatte karbidploegen harren oanmelde of in fergunning oanfreegje.
Allinnich yn Eaststellingwerf hoecht dat net, yn dy gemeente binne de plakken dêr't karbidsjitten wurdt dus net bekend by de gemeente.
Dochs wurdt ek dêr yn 'e regel knald: dat is bygelyks bekend fan Appelskea, Haulerwyk, Alde- en Nijeberkeap, Waskemar en Langedike.
Mar in folslein oersjoch kinne we om dizze reden net mei wissichheid jaan.
Livemuzyk
Op bepaalde plakken wurdt der fan alles om it karbidsjitten hinne organisearre.
Sa kinst yn Bûtenpost en Surhústerfean tusken de knallen troch ek nei livemuzyk harkje.
Takom jier kin der nettsjinsteande it oansteande fjoerwurkferbod nei alle gedachten wol karbid ôfsketten wurde, dat falt offisjeel net ûnder fjoerwurk.