Hynsteride foar minsken mei in beheining: "Dêr kin gjin fysioterapeut tsjinoan"

Silke Postma folget hynsterydles by Onder de Linde © Omrop Fryslân
"Sille we dy mei Silke rinne litte, Harm? Astrid, dan mag jij wel bij Doutzen lopen." It is in drokte fan komsa yn de opsealromte fan maneezje Onder de Linde yn Beetstersweach.
Ynstrukteur Joke Reilink wiist de frijwilligers elk in hynder ta dêr't se mei rinne kinne. Ien foar ien wurde de bisten klearmakke foar de rydles dy't deroan komt.
De singel wurdt fêstgaspe en de stiichbûgels wurde op de juste hichte ôfsteld.
Demi klimt op in opstapke fan hout, sadat se maklik op skimmeltsje Sylvester komme kin. Dy lit it geduldich gewurde allegearre. Mei in hiele grutte glim om 'e mûle seit se 'voetstap', en dêr geane se.
Ynstrukteur Joke docht de stiichbûgels foar Demi noch even goed © Omrop Fryslân
By Onder de Linde wurdt rydles jûn foar minsken mei in lichaamlike of ferstanlike beheining. En dat bart mei help fan frijwilligers dy't eltse ruter begeliede.

Mei in lift op it hynder

Guon bern moatte ek mei helpmiddels op it hynder of de ponny set wurde. Foar Silke (14), dy't yn in rolstoel sit, is der in platfoarmlift, en Tessa wurdt mei in tillift boppe de ponny brocht en dêrnei foarsichtich derop sakke litten.
Mei in tillift wurdt Tessa op de ponny set © Omrop Fryslân
"De beheiningen binne hiel ferskillend", fertelt Joke. "Mar wat wy fernimme is dat de bern dy't hjir ride hiel bot ûntspanne en der in hiel soad baat by ha. Dêr kin hast gjin fysioterapeut tsjinoan."
As foarbyld neamt se Tessa, in famke dat yn in rolstoel sit en net rinne kin.
"Sy ried altyd tegearre mei ien by har achterop. Sûnt in healjier sit se der selsstannich op. Dan rinne der wol ien of twa neist, mar dat giet boppe ferwachting goed, se sit hiel goed!"
Tessa kin sels net prate, mar oan har entûsjaste lûden kinne je fernimme dat se it riden moai fynt.
Tessa kin no selsstannich op de ponny sitte © Omrop Fryslân
De hiele groep stapt mei de begelieders derneist yntusken rêstich in pear rûntsjes troch de binnenbak fan de maneezje.

'Bomproof' hynders

"Wy ha hiele relaxte hynders", neffens Joke. "Mar it bliuwe fansels wol altyd bisten. In bistje kin wolris reagearje, as se fan wat skrikke. Mar ús hynders binne yn prinsipe 'bomproof', sa't we dat neame, en dy kinne in hiele protte oan."
It helpt myn spieren om better en sterker te wurden en dat is hiel fijn!
It hynsteriden helpt Silke Postma hiel bot by har serebrale pareze
It is suterich waar, dus de les bliuwt hjoed binnen. Gewoanwei wurdt der ek wol in rûntsje bûten troch de bosk makke.
"Bij A afwenden, en dan slalommen om de pionnetjes", jout Joke wer in kommando oan de groep.
De hiele groep slalommet om de piontsjes hinne © Omrop Fryslân
Foar de rydlessen kin de maneezje rekkenje op de help fan mar leafst 75 frijwilligers. Se rinne mei mei de hynders mei de bern derop, helpe mei it opsealjen en hâlde de boel wat yn de gaten.

Frijwilligers mei kondysje

"Ik wie mei pensjoen, rûn mar wat thús om", seit Harm Veenema. "Doe seach ik de advertinsje dat se fregen om frijwilligers. Ik tocht: dat is krekt wat foar my, ik ha wol wat mei hynders. En je besoargje de minsken in plezierige middei."
It 'baantsje' is ek nochris goed foar de kondysje. "We meitsje behoarlik wat kilometerkes. Je bliuwe yn beweging, dat is hiel belangryk ast wat âlder wurdst!"
Frijwilliger Harm Veenema begeliedt Silke op har hynder © Omrop Fryslân
Op de Noarske fjord Ciske, dy't Harm begeliedt, sit Silke Postma. "Superleuk om hjir te hynsteriden. Fijn mei it hynder en it helpt myn spieren ek om better en sterker te wurden."
Silke hat serebrale pareze. "Dat betsjut dat ik spieren op de ferkearde mominten span en dat it hiel folle enerzjy kostet om dingen te dwaan dy't eins net enerzjy hoege te kostjen", leit se út.
"Ik ha problemen mei myn balâns en as ik it hynder net fertrou, kin ik ek net komfortabel sitte."

Foarútgong troch it riden

Yn de acht jier dat se no riidt by Onder de Linde hat se sprongen foarút makke; se riidt no selsstannich.
"Earst moast ik noch oan beide kanten fêsthâlden wurde troch in frijwilliger, en ien by it hynder derfoar omdat ik oars myn balâns ferlear."
Even letter yn de les lit in strieljende Silke sjen dat se ek in drafke wol oan kin.
Myrthe de Ruiter riidt al 7 jier by Onder de Linde © Omrop Fryslân
Haflinger pony Angelica is noch net sa lang by de maneezje. Myrthe de Ruiter fynt it just wol moai om op har te riden. "Het is leuk om met haar te oefenen, zodat ze het minder spannend vindt."
Myrthe sit al 7 jier op dizze rydles. "De eerste keer was ik heel bang, ik zat met klittenband vast, durfde nog niks. En nu, om zo weg te galopperen, zou ik het zo doen!"

Soargen even kwyt

"Mijn hoofd en lichaam werken niet zo goed samen", fertelt Myrthe oer har ûntwikkelingsstoarnis DCD. Dêrtroch kin se net altyd alles dwaan wat har leeftiidsgenoatsjes wol kinne.
Se genietet folop fan it riden. "Gewoon om alles te vergeten, even helemaal niks. Actief bezig zijn en geen andere zorgen. Hier heb ik daar geen last van!"
Joke Reiling is ynstrukteur by Onder de Linde © Omrop Fryslân
"Dit is sa moai, omdat je sjogge wat it docht foar dy bern. It jout hiel folle foldwaning", fynt ynstrukteur Joke. "En dêr dogge we it foar!"
Sjoch hjir de reportaazje dy 't HEA! makke hat oer maneezje Onder de Linde:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.