Wolst fersideboartsje foar speurhûnen? Plysje op Skylge siket frijwilligers

Dunen op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Bist net bang foar hûnen en hâldst fan fersideboartsje? Dan hast gelok ast op Skylge wennest. De lokale plysje dêr wurket mei oan in oefening mei speurhûnen.
Op tongersdei 18 desimber sille tolve hûnen fan de Landelijke Eenheid mei harren gelieders op syk nei de frijwilligers dy't harren ferskûlje meie yn de Formearumerbosk, de heide en de bunkers.
Jesse Norden fan plysje Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"We hebben nu twee keer voor kinderen Hunted (spul wêryn't dielnimmers harren ferskûlje moatte foar de plyjse, red.) gedaan op het eiland. We kregen steeds vragen of er ook een volwasseneneditie zou komen", seit Jesse Norden, de wykagint fan it eilân.
"Met tientallen volwassenen over het eiland rennen op de vlucht voor de politie leek mij niet zo verstandig, dus dit is het geworden", seit Norden.
De Formearumerbosk © ANP
De speurhûnegelieders en harren hûnen binne allegearre oansletten by de USAR. Se wurde ynset foar fermissingen yn Nederlân, mar ek rampen yn it bûtenlân. It giet dan faak om slachtoffers dy't fêstsitte ûnder it pún.
De hûnen moatte geregeld in realistyske training dwaan en dêrom is de oefening op Skylge betocht.
De speurhûnen sochten earder dit jier yn Valkenburg nei minsken ûnder it pún fan de Wilhelminatoer © ANP
"Het is de bedoeling dat deelnemers niet veel bewegen, omdat de slachtoffers dat vaak ook niet meer kunnen", leit Norden út. Dat betsjut dat de frijwilligers, as se net fûn wurde, wol trije oeren op ien plak sitte moatte.
De waarsferwachting foar nije wike tongersdei liket mei 9 graden en rein net al te best. "Maar Terschellingers zijn wel wat gewend qua weersomstandigheden", seit de wykagint, dy't hopet dat de hûnen flink oan it wurk set wurde. "Mensen mogen onder takken en bladeren gaan zitten, of in een kuil", seit Norden.

Betingsten

Minsken dy't meidwaan wolle moatte wol oan in pear betingsten foldwaan. Sa moatte je perfoarst op Skylge wenje, minimaal 18 jier âld wêze en ek op de jûn derfoar beskikber wêze foar in útlis oer de oefening.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.