Gerbrich docht ûndersyk nei taal by it oansprekken fan minsken: "Wol ik hiel graach útsykje"
Wat seist? Wat sizze jo? Of wat seit mem? Werkenne jo of do it dilemma fan oansprekken? It is it ûnderwerp dêr't dosint Gerbrich de Jong fan de NHL yn Ljouwert ûndersyk nei docht.
De earste faze fan har ûndersyk gie oer de oarsprong fan dit gebrûk en oer it ferskil tusken u en jo en jij en do.
Der wurdt sein dat Friezen minder do'kje as yn it Nederlânsk jij brûkt wurdt. Mar neffens De Jong is dat yn har eksperimint net nei foaren kaam.
"De minsken dy't meidiene oan myn eksperimint bliken eins allegear in hiele dúdlike foarkar te hawwen foar do of foar jij. En dat is yn it Frysk dus net oars as yn it Nederlânsk."
Tredde persoans oansprekfoarm
No is se dwaande om de treddepersoans oansprekfoarm te ûndersykjen. Yn de treddepersoans oansprekfoarm wurdt ferwiisd nei it brûken fan wurden dy't minsken of dingen beneame sûnder se streekrjocht oan te sprekken.
"Ik bin natuerlik spesjaal ynteressearre yn dy treddepersoans oansprekfoarm, omdat dy it Frysk wol wat ûnderskiedt fan it Nederlânsk, want yn it Nederlânsk is it hielendal net gewoan om ien sa oan te sprekken", fertelt De Jong.
"Wêr't ik yn earste ynstânsje hiel benijd nei wie, is: wêr komt dit no wei? Hoelang dogge we dit no al yn it Frysk? Dus ik bin yn âlde teksten dûkt om sa út te finen wannear't we dêrmei begûn binne yn it Frysk."
Net typysk Frysk
Der wurdt al gau sein dat it typysk Frysk is, mar is dat wol sa?
"It is absolút net unyk Frysk", seit De Jong. "It is eat dat eins yn de hiele wrâld wol brûkt waard. It is út it Nederlânsk yn it Frysk kommen. Mar it is wol hiel bysûnder hoe't hjoed-de-dei dizze oansprekfoarm noch brûkt wurdt yn Fryslân."
"It is bygelyks ek noch hieltyd ûnderdiel fan it Afrikaansk en it Papiamentsk, dus ek oare talen dy't beynfloede binne troch it Nederlânsk. Mar ek yn it Sweedsk en it Finsk komt it foar."
Jongerein brûkt it ek
Neffens har binne der lykwols noch in soad minsken dy't de treddepersoans oansprekfoarm brûke, bygelyks op de wurkflier of op skoalle. "It liket ek net sa dat de jongere generaasje hieltyd mear do seit", fertelt De Jong.
"Ik sjoch op de hegeskoalle dêr't ik wurkje dat studinten dizze foarm in hiele soad brûke, omdat se net do of jij sizze wolle tsjin dosinten."
Undersyk
Se wol no graach mei help fan de Friezen útfine hoe fitaal oft dizze oansprekfoarm noch is en ek oft it streekbûn is. "Want der wurdt wol tocht dat it foaral yn de Wâlden bot dien wurdt, mar ik haw ek wol foarbylden dat it yn oare regio's wol bot dien wurdt. Dus dat wol ik hiel graach útsykje."
De Jong hopet dat út te sykjen mei in koarte enkête. "Dan hoopje ik oer in jier moaie resultaten te ha."