Bakkers wrakselje mei giftich stofke yn Fryske pipernút
Fryske bakkers wrakselje noch hieltyd mei akrylamide yn Fryske pipernuten. Dizze skealike stof komt frij by it bakproses fan de tradisjonele pipernút. Ut in stekproef fan Omrop Fryslân docht bliken dat de stof yn hegere hoemannichte foarkomt as de Europeeske doelwearden.
In tal bakkerijen wit net hoefolle akrylamide oft der yn harren pipernuten sit en guon witte ek net wat it stofke is. Bakkers brûke faak al jierren itselde bakproses. Der binne gjin wetlike maksimumgehalten.
Neffens de Europeeske akrylamideregels binne bedriuwen wol ferplicht om yn kaart te bringen wat se dwaan kinne om dit gehalte te ferleegjen. De Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit (NVWA) moat kontrolearje oft dat ek bart.
Wat is akrylamide?
Akrylamide is in stof dy't ûntstean kin as setmoalrike produkten hjit makke wurde boppe de 120°C, lykas by fritueren, roasterjen en bakken. By it sieden fan iten ûntstiet gjin akrylamide.
It komt net allinnich foar yn Fryske pipernuten, mar bygelyks ek yn patat, sjips, kofje, koeke, (roastere) bôle, koekjes en crackers. By Fryske pipernuten is it persintaazje lykwols te heech befûn.
De Europeeske autoriteit foar itensfeiligens EFSA konkludearret út ûndersyk dat de ynname fan akrylamide fia iten it risiko op it ûntwikkeljen fan kanker ferheegje kin, al binne proeven op minsken beheind en net hielendal slutend.
Toksikolooch Nynke Kramer seit dat der mei lytse oanpassings al in soad te winnen falt om akrylamide te ferleegjen.
"Hoe minder hoog je bakt, hoe minder iets aangebakken is, hoe minder het erin zit", seit Kramer. "Het meel veranderen helpt vaak al. Sommigen gebruiken minder fructose, anderen passen de graankeuze aan."
Guon bakkerijen dogge dit al. Puur Posthuma yn Wommels seit: "Wy bakke koarter en op in legere temperatuer as oare bakkerijen. Ek litte we de pipernuten teste, dan binne we wis dat it goed sit."
Gjin warskôgings krigen
De NVWA seit dat de ferantwurdlikens by de bakker sels leit om op de hichte te wêzen fan de regeljouwing.
"Constateren wij dat een producent te weinig doet om de vorming van acrylamide terug te dringen, dan informeren wij de producent, en moeten de ingrediënten of de bereidingswijze van het product aangepast worden", seit de ynstânsje.
Op harren webside seit de NVWA dat se in offisjele warskôging jaan kinne as bakkers net genôch dogge om akrylamide te ferleegjen. Mar de bakkerijen dy't Omrop Fryslân sprutsen hat, sizze dat se nea in warskôging krigen ha.
Fryske pipernuten wol of net ite?
"Ik zou zeggen van wel", seit Kramer. "Het is niet een standaard iets dat we elke dag, dag in, dag uit, zoveel eten. Ik denk dat we onze pijlen eerder moeten richten op dingen die we echt wel vaak eten en ongezond zijn."
Tagelyk is se dúdlik oer de ferantwurdlikens fan produsinten: "Als je het makkelijk kan verlagen, doe dat dan."
Grutte ferskillen
Wat Kramer benammen opfalt, is dat der grutte ferskillen binne tusken de pipernuten fan de ferskate bakkerijen. "Heel opvallend is dat de pepernoten van de supermarkt netjes onder die richtlijn zitten."
Neffens Kramer lit dat sjen dat gruttere fabrikanten mear kinne om akrylamide te ferleegjen: "Zij kunnen dat veel makkelijker testen en aanpassen."
Foar de Fryske bakkerijen bliuwt it balansearjen om in feiligere pipernút te meitsjen sûnder it karakteristike resept kwyt te reitsjen.
Ferantwurding fan de stekproef
De stekproef fan Omrop Fryslân is dien mei in seleksje fan pipernuten ôfkomstich fan in oantal Fryske bakkerijen en in supermerk. De konklúzjes binne net algemien tapasber op alle bakkerijen en pipernuten mei in Fryske reseptuer.
De resultaten litte sjen dat der grutte ferskillen binne yn akrylamidegehalten en dat yn de measte gefallen it fier boppe de Europeeske doelwearde leit.