Brêge Frjentsjer foldocht net oan feilichheidsnoarmen, buertbewenners fiele har net serieus naam
De gemeente Waadhoeke beskikt al in jier oer in ynspeksjerapport dat sjen lit dat de Brouwersbrêge yn Frjentsjer net oan alle feilichheidsnoarmen foldocht. It rapport is nea mei de gemeenteried dield, docht bliken út neifraach fan Omroep Zilt.
Benammen swier ferkear, wêrûnder bouferkear, foarmet in risiko foar de feilichheid fan 'e konstruksje, is de konklúzje fan it Harnzer advysburo Adonin yn in ynspeksjerapport út oktober 2024.
De brêge is de iennige tagongswei foar motorisearre ferkear nei it eilânbuertsje Vliet en Tuinen, dêr't de kommende jierren ferskate grutte bouprojekten pland steane.
Kwetsber foar oerbelêsting
Yn july liet it kolleezje noch witte dat de Brouwersbrêge oan de jildende noarm foldwaan soe, mar út it rapport blykt dus wat oars: de brêge is kwetsber foar oerbelêsting.
Om de feilichheid te garandearjen, advisearre it rapport om in ferbod yn te stellen foar weinen dy't swierder binne as 40 ton. In oare opsje wie om de rydbaan smeller te meitsjen, sadat swiere weinen inoar net mear passearje kinne.
Om de brêge te ferfangen, moat de gemeente 2 oant 4 miljoen euro útlûke. In oare opsje soe it oanlizzen fan in 1 sintimeter tsjokke druklaach wêze op de rydbaan en it fuotpaad. Sa kin de libbensdoer ferlinge wurde. De kosten foar de fersterking soenen 400.000 oant 800.000 euro wêze.
Wat der mei it rapport dien is, is ûnbekend.
Brief fan bewenners
Bewenners fan Vliet en Tuinen hawwe yntusken in brief stjoerd nei it kolleezje. Sy binne ferbjustere dat it rapport fan Adonin net mei harren of de gemeenteried dield is.
"Wij vragen u nadrukkelijk om uit te leggen hoe het mogelijk is dat u, terwijl u wist dat er een rapport bestond waarin de veiligheid niet kon worden gegarandeerd, toch heeft volgehouden dat er geen onderzoek was en dat de brug veilig zou zijn."
"Daarmee heeft u willens en wetens de veiligheid van de bewoners van het eiland in gevaar gebracht", falt te lêzen yn 'e brief.
De buertbewenners hawwe it gefoel dat harren soargen net serieus naam wurde. "Wij zijn steeds gerustgesteld dat de brug veilig zou zijn, maar het rapport zegt iets heel anders."
Wachtsje op antwurden
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol earst noch net reagearje op fragen fan Omroep Zilt, earst krijt de gemeenteried antwurden. Dêrfoar hat it kolleezje trije wiken de tiid.
Oant dy tiid bliuwt ûndúdlik hoe't it kolleezje de steat fan de brêge beoardielet en watfoar gefolgen oft dat hat foar de plande bouprojekten yn Vliet en Tuinen.