Jolanda hat in harsentumor oerlibbe: "Je moatte der mar mei deale"
In harsentumor sette it libben fan Jolanda Breidenbach-Bons en har man Andries fiif jier lyn folslein op 'e kop. Jolanda hat no in soad soarch nedich, mar genietet fan de dagen dat se nei de soarchbuorkerij kin.
"Dêr bin ik de Jolanda dy't ik bin, dêr wurd ik akseptearre sa't ik bin", fertelt de frou wat emosjonearre. Op it deiferbliuw dogge se mei-inoar húshâldlike taken, mar ek spultsjes en sjonge se.
"Je moatte fierder en roeie mei de riemen dy't je ha", seit har man Andries. "Mar se is der noch, en we binne bliid mei de soarch dy 't ús oanbean wurdt."