Nagelnij wetterpark Aldehaske nei fertraging no hast iepen

In oersicht mei in part fan de lodges © Landal
In pear moanne letter as oarspronklik bedoeld kinne fakânsjegongers sûnt dizze wike in bungalow boeke yn it nagelnije wetterpark yn Aldehaske. Yn desimber kinne se dan foar it earst har yntrek nimme yn ien fan de lodges oan it wetter.
It Wetterpark Aldehaske is boud op it âlde camping Nannewiid, dat dêr yn 1965 ûntwikkele is. Yn 2023 waard de camping oernaam troch in ûntwikkelder. De steanplakken binne doe allegear opsein.
No steane der sechstich nije wetterlodges, foar in part mei in privee sauna en bûtendûs.

Fertraging

Boeke kin no dus al, ek al is noch net alles hielendal klear. En de iepening is al letter as wat earst de bedoeling wie.
"Er is wat vertraging in de bouw", seit Jeanette ten Kate fan Landal. "Er was op een gegeven moment bijvoorbeeld geen water. Maar je loopt altijd wel tegen wat dingen aan en het lijkt erop dat alles goedkomt."
Neffens har wurdt it park in moai plak foar natuerleafhawwers, wettersporters en minsken dy't rêst sykje.
© Landal
© Landal
© Landal
© Landal
© Landal
© Landal
© Landal
© Landal
Wa't fuortendaliks yn de krystfakânsje al in bungalow boekt, moat him noch wol melde by in provisoaryske resepsje. "Die moet nog geplaatst worden, dus daarom zit de receptie eerst nog in een van de bungalows."
Fan de âlde camping is hast neat mear oer, al tinkt Ten Kate dat minsken guon ûnderdielen noch wol werkenne sille. "Het mooie meer uiteraard, maar ook het restaurant blijft staan."

Strantsje bliuwt tagonklik

Der wienen soargen oer it strân dat net mear tagonklik wêze soe foar minsken út de omjouwing. Pleatslik belang en de stichting Nannewiid sprutsen har dêroer út.
Ten Kate seit ta dat it swimstrân iepenbier bliuwt. "Die blijft toegankelijk voor bewoners van de regio."
Boppedat wol Landal it wetter by dat strantsje skjinner meitsje. "We hebben contact gehad met plaatselijk belang om de waterkwaliteit te verbeteren, zodat er weer gezwommen kan worden. Er zaten veel ganzen heb ik begrepen, maar in samenwerking met vrijwilligers gaan we dat schoonmaken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.