Mei tank oan subsydzje fan Stichting Westermeer binne Jouster Ballonfeesten ek takom jier fergees

Ballonfeesten op De Jouwer © Omrop Fryslân
In opstekker foar de organisaasje fan de Friese Ballonfeesten op De Jouwer: mei tank oan in subsydzje kin it evenemint ek de kommende jierren fergees bliuwe foar besikers.
De Stichting Westermeer hat 15.000 euro takend oan de Ballonfeesten. Dêrtroch hoecht de organisaasje gjin yntreejild te heffen.
"We ha it de ôfrûne jierren wol ter diskusje steld by ús gearkomsten", seit bestjoerslid Gerben Veenstra. "Moatte we wer yntree freegje? Dy diskusje is no fan tafel, mei tank oan dit jild."
Luchtballonnen by de Ballonfeesten © Omrop Fryslân, Arjen Visser
Fierder hopet de organisaasje mear spesjale ballonnen nei De Jouwer te heljen en komt der ekstra omtinken foar it muzykprogramma.

Te wiete grûn

De organisaasje kin it jild goed brûke. Yn 2024 koe it hiele evenemint net trochgean fanwegen it waar: de grûn fan de Nutsbaan op 'e Jouwer wie te wiet om de tsientallen luchtballonnen oan te kinnen.
"Dêr hienen we in soad kosten fan", fertelt Veenstra. "En mei it each op takom jier - dan besteane we 40 jier - wolle we wol echt trochgean. We wolle der wat moais fan meitsje."

Westermeer

It jild komt fan de stichting Westermeer. Dy organisaasje ferlient subsydzje oan organisaasjes dy't algemiene belangen behertigje op it grûngebiet fan de eardere gemeente Skarsterlân,
Dit jier wie it subsydzjebudzjet yn totaal sa'n 250.000 euro. Dat jild komt fan legaten en fan it ferpachtsjen fan grûn oan boeren.
Ek it Jouster skûtsje krijt jild © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
"We wolle safolle mooglik inisjativen op sosjaal-maatskiplik terrein stypje", fertelt Bé de Winter fan de stichting.
"Dat is hiel breed, dus fan skûtsjesilen oant nij materiaal foar in boarterstún en fan in muzykkorps oant in gymnastykferiening."

Jouster skûtsje

By de nijste subsydzjetakenning koe dan ek net allinnich de Ballonfeesten op jild rekkenje. Sa krige ûnder mear it Katholiek Vrouwengilde fan De Jouwer in bedrach om in feestlike jubileumjûn te organisearjen en krige buertferiening Bouwen Houtring yn Sint Nyk jild foar de oanskaf fan in partytinte.
It grutste bedrach wie dizze kear foar de Stichting Skûtsje Haskerlân: 16.000 euro. Dêrmei wol de stichting it grutseil en de fok fan it Jouster skûtsje fernije.
Stichting Westermeer jout ek elts jier in bydrage oan de Voedselbank. Oaren komme maksimaal ien kear yn de fjouwer jier yn oanmerking foar subsydzje.
By de Ballonfeesten - dy't takom jier fan 15 oant en mei 19 july binne - binne se bliid dat Stichting Westermeer der is. "Wy binne in evenemint dat in kulturele, rekreative en muzikale funksje hat", seit Veenstra. "Mei troch de stipe fan Westermeer is dat no tagonklik foar hiel De Jouwer en omkriten."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.