Mûnders út it hiele lân komme nei Wâldsein ta om fan Jan (89) it fak te learen
Jan Coppens is 89 jier en mûnder op De Jager yn Wâldsein. Op ambachtlike wize soarget hy derfoar dat de seagen skerp bliuwe. Hy is dan ek de mastersliper.
It is wichtich dat de seagen skerp binne foar it ferwurkjen fan hout. En it alderbelangrykst is it dat de seagen rjocht seagjen bliuwe.
Coppens is de nestor fan de frijwilligersklup en alle sneonen by de mûne te finen; "Houtseagje wurket ferslaavjend", sa seit er sels. "As je der ien kear oan begûn binne, dan binne jo ferkocht."
By De Jager binne se grutsk op harren mastersliper. Mûnders út hiel Nederlân komme nei Wâldsein ta om fan him te learen. En sa draacht Jan it ambacht oer oan de folgjende generaasje.