Roos Ykema frijlitten út Israel, oankaam yn Madrid: "Sprongen in gat yn 'e loft"
Roos Ykema út Raard is frijlitten út Israel. Dat meldt har famylje. Ykema wie ien fan de Nederlânske dielnimmers oan de Gazafloat dy't ferline wike oppakt waarden troch Israel.
It is net bekend hoe't it mei Ykema giet, want har famylje hat al dagen gjin kontakt mei har krije kind.
Ykema har mem Christien Schneider hearde sneintemiddei fan de frijlitting wylst se sels yn Amsterdam stie foar it Rode Lijn-protest. "We stienen te gûlen fan blydskip op it Museumplein", fertelt se oan Omrop Fryslân.
Yn totaal binne op dit stuit fjouwer Nederlânske dielnimmers fan de Gazafloat frijlitten, meldt it ministearje fan Bûtenlânske Saken.
Har wolwêzen stiet op it stuit sintraal.
It wie noch wol in skoft spannend foar de famylje fan Ykema. "We hearden dat se frijlitten wie, mar we sieten noch wol yn spanning oft it fleantúch wol echt de loft yngean soe. Doe't dat ienkear sa wie, sprongen we in gat yn 'e loft."
It fleantúch dêr't Ykema yn sit, is sneintejûn let oankaam yn Madrid. Ykema en de oare Nederlanners oernachtsje yn de Spaanske haadstêd en reizgje moandei troch nei Nederlân, dêr't se moandeitemiddei op Skiphol oankomme.
"Der stiet in hiel team klear foar mentale stipe, sadat se de trauma's op in goede wize ferwurkje kin. Har wolwêzen stiet op it stuit sintraal."
De Nederlânske ôffeardiging op de float, dy't helpguod lykas babymolkepoeier en pasta nei Gaza ta bringe woe, bestie út sechstjin minsken. Roos Ykema (30) fan Raard wie ien fan harren.
De boaten waarden yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch Israel ûnderskept. De opfarrenden waarden fêstset yn de Ketziot-finzenis yn de Negov-woestyn, yn it suden fan Israel.
Unbekend hoe't it mei Ykema giet
Sûnt Ykema oppakt is, hat har mem gjin kontakt mei har ha kind. "Ik hoopje kontakt mei har te krijen as se oankomt yn Madrid. We ha de ôfrûne dagen allinnich hiel algemiene ynformaasje krigen."
Schneider hat dus ek gjin idee hoe't it wie foar har dochter om fêst te sitten yn de Israelyske finzenis. "We ha wol allegear berjochten heard, mar dat is net te feriviearjen. Dus we witte net hoe't it echt mei har giet."
Dûbeld gefoel
In wurdfierder fan de Nederlânske delegaasje seit dat it in hiele ferromming is dat de fjouwer frij binne, mar dat der ek sprake is fan in dûbeld gefoel.
"Zometeen zijn de zestien Nederlanders weer vrij, maar Palestina is nog steeds niet vrij en dat is wel waar we het voor doen."
Hoe't it mei Ykema en de oare trije Nederlanners giet, wit ek de wurdfierder net.
Yn totaal arrestearre Israel mear as 450 aksjefierders. Der sieten sechstjin minsken by de Nederlânske ôffeardiging. "We zetten ons in om ook de andere Nederlanders snel veilig thuis te krijgen", meldt it ministearje.