Aktiviste Roos Ykema sit yn Israelyske finzenis, seit ministearje fan Bûtenlânske Saken
De Fryske Roos Ykema is troch de Israelyske autoriteiten oanholden nei't it skip dêr't sy en oare aktivisten mei ûnderweis wiene nei Gaza, ûnderskept is. Neffens it ministearje fan Bûtenlânske Saken binne de opfarrenden nei in detinsjesintrum oerbrocht.
It is op dit stuit net dúdlik hoe't it mei har giet. Eksakte ynformaasje oer wat der bard is en hoe't Roos Ykema en de oare opfarders behannele binne, is foarearst net beskikber.
Fjouwer Italiaanske aktivisten binne yntusken deportearre, meldt it Israelyske ministearje fan Bûtenlânske Saken. Dat wol sizze dat se it lân útsetten binne.
Feilichheid earste prioriteit
Neffens it ministearje fan Bûtenlânske Saken hat 'de veiligheid en het welzijn van de Nederlanders' de earste prioriteit.
Boarnen sizze tsjin Omrop Fryslân dat meiwurkers fan de Nederlânske ambassade yn Tel Aviv ûnderweis binne nei Roos en de oare Nederlanners dy't fêst sitte.
Oprop oan autoriteiten yn Israel
De organisaasje fan de Global Sumud Flotilla seit dat Roos Ykema en de oare aktivisten op see 'ûntfierd binne' troch de Israelyske marine. It is ûndúdlik hoe't it no mei har is.
It ministearje seit dat de ambassade klear stiet om bystân te ferlienen as de Nederlânske dielnimmers dêr om freegje. Ek hâldt it ministearje kontakt mei de famyljes fan de Nederlânske aktivisten.
De ambassade hat Israel oproppen om te tinken om de feiligens fan de Nederlanners. Dy oprop die Bûtenlânske Saken al earder oan de autoriteiten yn Israel.
Boarnen sizze dat de aktivisten juster de hiele dei heard binne troch de Israelyske plysje. Dêrby soenen de dielnimmers oan de aksje juster de hiele dei gjin iten of drinken krigen ha. De dielnimmers binne ek yn hongerstaking.
"Ik fyn it soarchlik om te lêzen dat se gjin iten of drinken hân ha", seit Christien Schneider, de mem fan Roos Ykema, yn in reaksje.
Neffens har soe Nederlân fûler reagearje moatte op it fêstsetten fan de aksjefierders. "Ik fyn dat ûnbegryplik, oare lannen dogge dat wol."