Friezin Roos Ykema oppakt ûnderweis nei Gaza: "Wy binne bang, mar ek grutsk"

De Israelyske marine komt oan board by ien fan de boaten yn de Gaza-float, is te sjen op bylden dy't nei bûten brocht binne troch de Global Sumud Flotilla © ANP
"Liefs", dat wiene de lêste wurden dy't de mem fan Roos Ykema (30) woensdeinacht let krige. Inkelde oeren letter waard de Fryske aktiviste fan Raard oppakt troch it Israelyske leger.
Ykema wie mei sa'n 500 oaren ûnderweis nei Gaza om dêr help te ferlienen.
Dat it leger fan Israel de boat fan de aktivisten interje soe, kaam foar mem Christien Schneider net ûnferwachts.
"Fan 'e moarn betiid krigen wy it nijs", fertelt Schneider. "Mar we wisten eins de hiele wike al dat de kâns grut wie dat se fannacht oppakt wurde soene. We binne dus net fernuvere, mar it wie wol tige spannend."
Christien Schneider, de mem fan Roos Ykema © Omrop Fryslân
"We zijn op nog maar 75 zeemijl van Gaza, dus als we door zouden kunnen varen, komen we morgen aan", fertelde Ykema woansdeitejûn noch yn in floch op social media.
Yn dy fideo foarsei se ek al dat de kâns lyts wie dat har boat Gaza helje soe.
"We weten dat het Israëlische leger onderweg is en dat ze niet ver weg zijn, dus de kans is groot dat ze ons tegenhouden en dat ze ons naar Israël brengen."
De famylje fan Ykema besiket sterk te bliuwen, want dat is wat se sels ek graach wolle soe. "Somtiden binne je echt bang en dat is Roos sels ek wol", leit har mem út.
"Mar ik tink dat it myn taak as mem is om rêstich te bliuwen. Roos hat der neat oan as wy yn panyk reitsje, dus dat dogge wy ek net."
Ykema hat al faker ynternasjonaal yn aksje west om omtinken te freegjen foar skrinende situaasjes. Se hat nei Sarajevo (Bosnie & Herzegovina) west om dêr help te bieden en se joech stipe yn it oanmeldsintrum fan Ter Apel.
"Wy binne dus aardich wat wend mei Roos", seit har mem mei in glimk op it gesicht.

Wêrom wiene de aktivisten ûnderweis nei Gaza?

Roos Ykema wie mei in groep fan sa'n 500 minsken út ferskillende lannen ûnderweis nei Gaza om ekstra help te ferlienen. Mei ferskate boaten besochten se produkten as rys en berne-iten te bringen. Dat wie neffens Ykema ek it doel fan de aksje.
"Roos is al jierren dwaande mei minsken in need. Se is hiel dapper, dus wy moatte ek dapper wêze. Dat besykje wy ek, mar it hartstikke spannend."
Schneider omskriuwt har dochter as in trochsetter. "Se sil net opjaan. As se ergens foar giet, dan giet se der foar."
Ik kan niet leven in een wereld waar we toestaan dat er genocide plaatsvindt zonder iets te doen, dus de risico's neem ik nu dan ook.
Roos Ykema
Op sosjale media jout Ykema oan yn hongerstaking te gean as se nei Israel brocht wurdt. "Ik kan niet leven in een wereld waar we toestaan dat er genocide plaatsvindt zonder iets te doen, dus de risico's neem ik nu dan ook", fertelde se earder.

Grutsk

Hoewol't it somtiden foar eangst soarget, stiet har mem folslein efter Ykema. "Der binne mear as 60.000 minsken dea, wêrfan tachtich prosint onskuldige boargers, dus dat Roos wat docht, dêr binne wy tige grutsk op."
Ien fan de boaten yn de Gaza-float © ANP
"Wy hoopje Roos sa gau as mooglik wer te sjen, sadat we har ek stypje kinne", seit Schneider.

In soad ûndúdlikens

Der is noch in soad ûnwis. De famylje wit bygelyks net wêr't Ykema is en wannear't se wer thús komt.
Mem Schneider seach de ûndúdlikens al oankommen. "We wisten dat sadree't it Israelyske leger oan board kaam, dat alle mobyltsjes, messen en oare dingen oer board goaid wurde soene. We kinne dus net yn kontakt komme."
In foto fan Roos Ykema dy't har mem fan it skip ôf krigen hat © Omrop Fryslân
Wannear't se wol wer yn kontakt komme kinne, is ek net dúdlik. "Der is wol juridyske help foar as se yn Israel oankomme, en wy ha ek in nûmer fan Bûtenlânske Saken foar mear ynformaasje", leit Schneider út.
"Dy ynformaasje is der allinnich noch net. We hoopje gau yn kontakt te kommen, mar ús aldergrutste winsk is dat se feilich wer thús komt."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.