Tsjuster, kâld en ûnberikber: Skylge oefenet grutte stroomsteuring

Stroomsteuring Skylge © Shutterstock/Omrop Fryslân
In stroomsteuring, dat is altyd ferfelend. Mar in grutte stroomsteuring op in Waadeilan: dat is wol in ekstra útdaging.
Want as der gjin stroom mear is, kinne de fearboaten dan noch wol farre? Wat bart der op in grutte camping, as der jûns gjin ljocht mear is? En hoelang kinst eins noch mobyl belje, as de stroomsteuring oeren duorret?
De gemeente Skylge sil dat nije wike moandei oefenje, mei de helptsjinsten.

Twa kabels

Der binne twa stroomkabels nei Skylge. Yn it senario fan de oefening is ien kabel bûten gebrûk fanwegen ûnderhald en yn it transformatorhúske fan de oare kabel ûntstiet brân. Gefolch: it eilân komt oerenlang folslein sûnder stroom te sitten.
Boargemaster Roel Cazemier © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Ast nei de ynternasjonale situaasje sjochst, mei alle spanningen yn de polityk, dan is it hiel goed om ris nei te gean wat der bart as der in skoft hielendal gjin stroom mear is. Kinne wy ús dan rêde?", freget waarnimmend boargemaster Roel Cazemier fan Skylge him ôf.
"Yn de Eastsee bart it al dat kabels sabotearre wurde. Dat soe hjir miskien ek wol barre kinne."
It eilân sit foar de krystdagen grôtfol mei toeristen. En dan is der ynienen gjin stroom mear.
Boargemaster Roel Cazemier
"Yn it senario dat foar de oefening betocht is, geane wy út fan it wykein foar de krystdagen. It eilân sit grôtfol mei toeristen. En dan is der ynienen gjin stroom mear. Kinst dan noch nei de winkel? Is der noch mobile telefony? Is der noch ferwaarming? Kinne pasjinten noch nei de hûsdokter?"
"Allegear hiel belangrike fragen dy't wy ûnder de oefening tsjinkomme sille."

Bliuwt de boat farren?

Ien antwurd wit de boargemaster alfêst wol: "De mobile telefoan docht it nei alle gedachten net langer as in healoere. De telefoan sels bliuwt wol oan, mar it netwurk net."
Oer de fraach oft de fearboaten noch farre kinne, docht er wat geheimsinnich: "Ik wit it antwurd, mar ik wol dat yn ferbân mei de oefening noch efkes foar my hâlde."
De oefening op Skylge begjint moandeitejûn om healwei sânen. De ynwenners sille der net folle fan fernimme, de stroom wurdt der net echt ôfhelle. Tagelyk warskoget Cazemier wol: "It is ek foar de boargers goed om nei te tinken wat se dwaan moatte as der langere tiid gjin stroom is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.