Brêge Ritsumasyl nei goed twa moannen wer yn gebrûk
De brêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl, dy't sûnt 12 july stikken wie, is wer tagonklik.
Nei't er stikken rekke, is de brêge is iepenset, sa't skippen der noch wol del koene. Dy needmaatregel makke wol dat fytsers en kuierders al dy tiid gjin gebrûk meitsje kinne fan de brêge. Sy moasten om fia in akwadukt.
In ûnderdiel fan de brêge moast reparearre wurde yn Dútslân. Ferline wike ha monteurs by Ritsumasyl dwaande west om alles wer klear te setten.
Sûnt juster is de brêge wer yn gebrûk en kinne fytsers en kuierders wer hinne en wer tusken Deinum en Ritsumasyl.