De weardefolle tiid fan de frijwilligers fan VV Drachten

"Silst ek noch ris wat dwaan, of stiest allinne mar wat te praten?" De frijwilligers fan VV Drachten eamelje hiel wat op inoar om. Mar stikem fine se dat geëamel ek wol moai, en laitsje se hiel wat ôf.
Alle woansdeitemiddeis binne de al wat âldere mannen op en om it fjild te finen. Se dogge alderhande putsjes foar de fuotbalferiening. Hjoed stiet it âld izer op it programma.
Alles foar de klup dêr't de bern en bernsbern spylje, mar dêr't de mannen as supporters inoar oan de râne fan it fjild ek altyd witte te finen.
Oan de ein fan de woansdeitemiddei wachtet de 'tredde helte', in oerke gesellich neisitte mei in hapke en in snapke.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.