Nei Heech besiket no Balk om mei waarmtenet fan it gas ôf te kommen

De earste strjitgearkomste yn Balk waard tiisdei hâlden © Omrop Fryslân, Pelle Numan
Noch in pear moannen, dan falt yn Balk it beslút oft it doarp in eigen waarmtenet krijt oft net. Dizze dagen sette de inisjatyfnimmers alles op alles om safolle mooglik doarpsgenoaten oer te heljen.
Allinnich as genôch minsken in oansluting ha wolle op in waarmtenet, kin it projekt trochgean. Oars is it net rendabel.
Krekt dat is it probleem dêr't se yn in eintsje fierderop yn Heech tsjinoan rûnen. In skoftsje lyn waard de stekker út it projekt lutsen om in grut part fan dat doarp fan waarmte te foarsjen mei akwatermy út it wetter fan de Hegemer Mar.
Omdat dêr noch net genôch minsken tekene hiene foar in oansluting, rûn it projekt in finansjeel risiko. De gemeente Súdwest-Fryslân, dy't him garant steld hie, fûn dat risiko te grut en besleat dêrom om der net fierder yn mei te gean.

Grutte ferskillen tusken Balk en Heech

Nei it projekt fan Heech besiket Balk no it projekt by harren wol slagje te litten. Neffens Tsjeard Osinga fan Eigen Warmtenet Balk binne der wol in oantal ferskillen tusken Heech en Balk, wêrtroch't it by harren wol slagje kin.
It grutste ferskil is dat Balk net direkt ynsette wol op akwatermy. Der wurdt ynset op de restwaarmte fan in plestikbedriuw yn it doarp. Allinnich mei dy waarmte kin neffens projektlieder Goffe Venema hiel Balk al ferwaarme wurde.
Akwatermy is it back-upplan. Huzen soene dan mei help fan it wetter út De Luts ferwaarme wurde moatte.
Tsjeard Osinga fan Eigen Warmtenet Balk © Omrop Fryslân
"Dit net wurdt fan de eigen ynwenners. Der hoecht gjin winst makke te wurden."
In oar grut ferskil is dat Balk mear hierhuzen hat, seit Osinga. "Dy dogge mei of dy dogge net mei. De wenningbou stiet der no hartstikke posityf yn. As dy meidogge, hawwe we al 50 prosint fan de huzen dy't we nedich ha."
Yn Heech binne just in soad rekreaasjewenten yn it waarmtenetgebiet. "Us wenningbestân is in stik geunstiger as yn Heech", seit Venema. "Dêrtroch tinke wy ek dat we kânsriker binne as yn Heech."

Genôch minsken needsaaklik

Grutte projekten as dy yn Balk en Heech falle of stean mei de tasizzing fan genôch minsken dy't oerstappe wolle op in eigen waarmtenet yn it doarp. De praktyk leart dat dat in tûkelteam is.
Omdat der noch kwealik foarbylden binne fan hiele wenwiken dy't op dy manier ferwaarme wurde, witte in soad minsken net wat soks foar har situaasje betsjutte soe. En as dy 'kâldwetterfrees' bestean bliuwt, wurdt it in hiele toer om sokke projektenfan de grûn te krijen.
By de gearkomste yn Balk koene bewenners fuortendaliks tastimming jaan dat se ynstimme mei it plan © Omrop Fryslân
Om yn Balk genôch minsken te krijen, wurde yn ferskate strjitten gearkomsten organisearre. Sa wurdt it plan fierder taljochte en kinne minsken mei fragen komme.

Wannear is it rendabel?

It soe goed wêze as projekten alfêst begjinne kinne soene mei minder ynskriuwings, seit Marloek Visser, belutsen by it projekt yn Heech. Dêr sieten se op sawat 40 prosint fan it folsleine oantal minsken dat nedich wie om de oanlis fan in waarmtenet rendabel te meitsjen.
"We waren wel wat teleurgesteld over dat aantal", seit Visser. "Maar later hoorden we dat dat eigenlijk heel veel is."
De ûnderfining by oare projekten, benammen yn it bûtenlân, is dat minsken har earder oanslute as ienkear dúdlik is dat de oanlis fan in waarmtenet in feit is. No lei it persintaazje dêr't se yn Heech oan foldwaan moasten op 60 oant 65.
Mear animo om mei te dwaan hie Warm Heeg holpen © Omrop Fryslân
It soe helpe as wenningkorporaasjes ek akkoart wêze soene mei minder ynskriuwings foardat se echt yn in projekt stappe. Dat hie foar Heech ferskil meitsje kinnen, seit Visser. "Mensen vragen vaak: wat zegt Elkien hiervan?"
It soe neffens har al helpe as Elkien alle huzen dy't fan hierder feroarje, oergean lit fan gas op in akwatermyferwaarming. By in soad oare projekten yn Nederlân jout it de trochslach dat dêr wenningkorporaasjes ynstapt binne.

Lêste triuw yn de goeie rjochting

Takomstige projekten soene profitearje kinne fan in pot mei 175 miljoen euro dy't it kabinet oankundige hat yn de miljoenenoata. It jild is bedoeld foar in risikoregeling, om plannen dy't fan ûnderop betocht binne, in lêste triuw yn de goeie rjochting te jaan.
Foar krekt sa'n soarte boarchfûns pleite wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Fryslân, doe't dy gemeente sels net fierder koe mei it projekt yn Heech omdat it finansjele risiko te grut wie.
Yn de Twadde Keamer krige in moasje dy't om sa'n pot mei jild frege in mearderheid.
It wetter fan de Hegemer Mar hie Heech waarm krije sillen © Shutterstock.com (Tom Goossens)
Foar Balk soe sa'n fûns mooglik helpe kinne, mar foar Heech komt it te let, seit Visser, want it duorret noch wol in skoft foardat dat der is.
Dochs jouwe se net op: de inisjatyfgoep wol trochgean as foarbyldprojekt, sadat Heech sjen litte kin wat der allegear komt te sjen by in plan om in doarp of in stedswyk te ferwaarmjen mei akwatermy.

Foarbyld foar it hiele lân

De minsken fan Warm Heeg fiele it as in ferantwurdlikheid om alles wat se sels leard hawwe mei oaren te dielen. "Vooral omdat er toch een groot subsidiebedrag in onze plannen is gestoken", seit Visser.
Yn oktober organisearret Warm Heeg in gearkomste foar allegear projekten út it hiele lân. Se treffe elkoar yn it Sylhûs, dat doedestiids tsjinne as ynspiraasje foar Warm Heeg. It wie ien fan de earste Fryske gebouwen dat ferwaarme wurdt mei wetter út de Hegemer Mar.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.