Wêrom komme der aanst ûnder wetter mikrofoans te hingjen yn de Waadsee?

Ien fan de ûnderwettermikrofoans dy't aanst brûkt wurdt © Omrop Fryslân
Op tolve plakken yn de Waadsee komme ynkoarten ûnder wetter mikrofoans te hingjen. Dêr moatte sy it lûd fan minsklike aktiviteiten yn kaart bringe, mar ek dat fan in hiel lûdsgefoelich seesûchbist; de brúnfisk. It klikkende lûd dat sy meitsje, is hiel goed op te fangen.
"Bruinvissen zijn zeer vocale dieren: ze gebruiken geluid om onder water te kunnen 'zien'. Door hun klikgeluiden op te vangen, kunnen we bepalen waar ze zich bevinden en hoe ze in de Waddenzee op vis jagen", leit Annabelle Kok fan de Universiteit Leiden út.
Sy docht dat mei in kollega fan de Rijksuniversiteit Grins. Saneamde hydrofoans wurde ynset om de gelûden op te fangen. It projekt rint fjouwer jier.

Ynsjoch

"Voor goed natuurbeheer is inzicht nodig", seit projektlieder Belinda Burtonshaw fan de Waddenvereniging.
"We weten dat geluid de rust in de Waddenzee bedreigt, maar de omvang en de effecten zijn onbekend. Met dit project zetten we de eerste stap naar beter inzicht en kunnen we straks aanbevelingen doen voor de bescherming van geluidsgevoelige gebieden."
By troch minsken feroarsake lûden dy't ek ûnder wetter te hearren binne, kinst tinke oan skipfeart, baggerwurk, wurk oan diken en dammen en strieljagers dy't leech oerkomme.

Waadbehearders, bewenners, besikers en ûndernimmers helpe

Uteinlik moat it ûndersyk in oersjoch jaan fan hoe't it der it hiele jier troch foar stiet mei it lûd ûnder wetter. Ek wolle de ûndersikers witte wêr't brúnfisken libje en hoe't sy it Waad brûke. En fansels moat it de Waadbehearders helpe, mar ek bewenners, besikers en ûndernimmers.
In model fan in brúnfisk © Omrop Fryslân
In bettere beskerming tsjin lûd kin ek nije beheinings opsmite foar wat minsken op en oan it Waad dogge. "Tegen hen zou ik willen zeggen dat we ook realistisch zijn. We weten ook dat we de hele Waddenzee niet stil kunnen krijgen. Dus het zal altijd in samenspraak gaan met de verschillende stakeholders in het gebied", seit Kok.
"En uiteindelijk willen we allemaal toe naar een Waddenzee waar we over twintig of honderd jaar nog steeds van kunnen genieten. En dit is een manier om dat te doen."

Meldpunt foar brúnfiskwaarnimmings

Ek besikers en bewenners fan it Waadgebiet kinne meidwaan oan it projekt. Der wurde ekspedysjes organisearre om nei brúnfisken te lústerjen. Dat wurdt trouwens no ek al dien yn 'e mande mei ien ûndernimmer. Ek komt der in meldpunt foar brúnfiskwaarnimmings.
Annebelle Kok fan de Universiteit Leiden (links) en projektlieder Belinda Burtonshaw (rjochts) © Omrop Fryslân
"De bruinvis is voor velen een onbekende in de Waddenzee", sa seit projektlieder Buronshaw. "Door mensen zelf te laten luisteren en waarnemen, brengen we hen dichter bij dit unieke natuurgebied en dragen ze bij aan beter onderzoek."
It ûndersyk set noch dizze moanne útein. Alles byinoar kostet it 1,6 miljoen euro. Dat jild komt foar in part út in subsydzje fan it Waadfûns, sa is hjoed bekend makke. In oar part wurdt betelle út in Europeesk fûns wei troch it ministearje fan Landbouw, Visserij, Voedselzekerheid en Natuur.

"Klankvolle wereld onderwater"

Eltsenien dy't wolris op in drûchfallend stikje Waad stien hat, wit dat der ek noch wolris wat lûd ôfkomt. Der is mear natuer as brúnfisken allinnich dat lûd makket.
Buronshaw dêroer: "We weten dat verschillende vissoorten geluid maken. Oesterbanken kun je onderwater horen. Dus het is een klankvolle wereld onderwater."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.