Ofskiednimmend direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea: "Natuer is allemachtich belangryk"

De ôfskiednimmend direkteur fan It Fryske Gea: Henk de Vries © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
As boeresoan wie Henk de Vries as jonkje altyd bûten te finen: fiskje, aaisykje en heit helpe fansels. Op de middelbere skoalle waard dy leafde foar de natuer fierder oanfjurre.
"Us heit wie net sa'n turboboer. Hy hie in, sa't we dat no neame, yntegrearre bedriuwsfiering. Lytsskalich, in soad gerssoarten yn it lân en elzesingels. Sa bin ik yn 'e kunde kaam mei myn omjouwing en de natuer."

Johan de Jong hat wichtich west

Op de middelbere skoalle krijt Henk de Vries biologyles fan Johan de Jong.
"Ik haw it geweldich troffen mei myn biologylearaar op de middelbere skoalle yn Drachten. Dy koe sa geweldich lesjaan. Hy hat myn belangstelling en leafde foar de natuer echt oanfjurre en my ek op wei holpen om nei Grins te gean om biology te studearjen."
Natuergebiet de Delleboersterheide fan It Fryske Gea © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Troch dyselde Johan de Jong komt De Vries by It Fryske Gea te wurkjen. De Jong siet doe yn it bestjoer fan It Fryske Gea en soarge foar in ôfstudearûnderwerp by de natuerorganisaasje.
Nei syn ôfstudearjen docht De Vries noch in pear tydlike putten by It Fryske Gea en dan fljocht er út.
It Fryske Gea is in fantastyske klup mei in goed imago.
Henk de Vries
Mar hy komt werom by it Gea.
"Yn 1997 kaam ik werom fan fakânsje, ik wie myn gers oan it meanen en doe kaam Ultsje Hosper it hiem opriden. Ultsje wie doe ekolooch by it Gea en soe direkteur wurde."
"Hy frege my oft ik dan syn funksje oernimme woe. En sa is it begûn. Ik bin yn tsjinst kommen as haad natuerkwaliteit en doe't Ultsje mei pensjoen gie, haw ik sollisitearre."

Grutsk

Weromsjend op syn karriêre by It Fryske Gea is De Vries grutsk op hoe't de organisaasje derfoar stiet.
Neffens De Vries is de natuerorganisaasje in "fantastyske klup mei in goed imago. As ik sjoch mei hoefolle minsken wy it wurk fersette, betelle meiwurkers én frijwilligers, dan bin ik dêr grutsk op. Dêr wurd ik waarm fan."

Stoffich imago?

De Vries fynt ek dat der baanbrekkend wurk dien wurdt. "Der wurdt wolris sein dat it Gea in stoffich imago hat, mar dan tink ik: sjoch even better nei wat we hjir allegear oan it dwaan binne!"
Henk de Vries achter de pc yn syn kantoar © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
As him dan frege wurdt om in pear foarbylden te neamen fan it baanbrekkende wurk, begjint De Vries op te sommen: "De ferkweldering fan Noard-Fryslân bûtendyks. Dat is noch nea earne yn 'e wrâld fertoand en dat ha wy hjir gewoan dien."

Baanbrekkend wurk

Ek de fiskmigraasjerivier dy't no yn de Ofslútdyk makke wurdt, is in foarbyld fan ynnovaasje yn natuerbehear en systeemherstel.
Mar neffens De Vries is dat net unyk: "Dy yn de Ofslútdyk is in hiel grutte, mar wy ha al langer in lytsere fiskmigraasjerivier yn it gemaal De Heining by Marrum. Dat ha wy yn gearwurking mei it Wetterskip dien en dat is ek in prachtich projekt."
It nije ôfstreamkanaal troch it Noarderleech by gemaal De Heining © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De eagen fan Henk de Vries begjinne hielendal te skitterjen as er begjint oer in projekt dat It Fryske Gea dien hat op it Amelân.

Systeemherstel

Yn 2005 en 2006 is der in dúnfallei folslein wersteld. De fallei wie hielendal oergroeid en it grûnwetter waard fuortdrukt, wylst dat krekt nedich is om in moaie dúnfegetaasje te krijen.
"It wie in enoarm gebiet: 40 bunder! Dat ha we hielendal ôfplagge oant op de minerale grûn yn de hoop dat we dan ek it grûnwetter, dêr't kalk yn sit en fiedingsstoffen, oanboarje soene en dat is slagge."
"Mar dat seagen we nei fjouwer jier pas, want der binne bepaalde orchideeësoarten dy't ûntkymje en pas yn it fjirde jier bloeie. En fjouwer jier nei dat ôfplagjen bloeiden de orchideeën. Doe wisten we: no ha we it te pakken, dit is systeemherstel. No ha we it motorke fan it dúnsysteem wer oan 'e praat."
Troch corona lutsen minsken massaal de natuer yn.
Henk de Vries
De jierren 2020 en 2021 ha bysûndere jierren west foar Henk de Vries. Troch corona lei de wrâld wat stil.
"Alles wie ticht, mar de natuer wie iepen en minsken ha dêrmei ek ús terreinen ûntdutsen. Se lutsen massaal de natuer yn."
Dy massale tastream nei de natuergebieten joech wol druk, seit De Vries. "Mar dat wie dan mar sa. Wy fine it hartstikke belangryk dat minsken de natuer ûntdekke en sjen kinne hoe moai oft dy is."

Fersmoarging

Dochs hat it ek in oare kant. In part fan it publyk sjocht de natuer mear as in soarte fan dekôr en giet der net goed mei om. Der wurdt rotsoai achter litten en terreinen fersmoargje.
"Wy sette bewust net in soad ôffalbakken del. Wy wolle dat minsken dy't in pakje drinken hân ha, dat lege pakje wer meinimme. Mar kwa edukaasje is der noch wol in slach te slaan."
Twa deimen yn it Ketliker Skar © Jaslin Draaisma
De relaasje mei oaren dy't de romte ek brûke, lykas boeren, stiet wolris ûnder spanning.

Botsende belangen

"Natuurgebieten binne net solitêr", seit De Vries. "De omjouwing der omhinne spilet ek mei en dan soe It Fryske Gea him bemuoie moatte mei gebieten dy't fan in oar binne. Dat is wol yngewikkeld. Je wolle je buorlju gjin skea oandwaan mar je wolle je eigen belangen ek goed behertigje."
Ik besykje altyd yn petear te bliuwen en elkoars belangen te erkennen. 
Henk de Vries
Op de fraach hoe't er yn sokke situaasjes hannelet antwurdet De Vries dat er wol in diplomaat is.
"Ik bin deropút om de relaasje mei de petearpartners goed te hâlden. Om yn petear te bliuwen en elkoars belangen te erkennen. En dan sjen wêr't we komme kinne."
De yndruk bestiet dat it foaral om boeren giet dy't oare belangen ha as natuerorganisaasjes. Dat is ek sa, seit De Vries, mar it is net sa dat boeren en natuerorganisaasjes altyd foar inoar oer stean.
"Ik moat sizze dat we mei in hiel soad boeren prima troch ien doar kinne. We hawwe ek gerslân dat natuer is en dat we ûnder ús betingsten yn gebrûk jouwe by boeren. Dêr ha we tusken de seis- en sântûzen bunder fan. Dat is in hiele lape."

Symbioaze

"Dêr kinne 300 boeren gebrûk fan meitsje yn har bedriuwsfiering ûnder ús betingsten tsjin net al te idioate tariven. Dus we ha ek in soad gearwurking, symbioaze, mei de boerewrâld."
Natuergebiet Diakonievene fan It Fryske Gea © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Oer de frije tiid dy't De Vries krijt no't er mei pensjoen giet, makket er him gjin soargen. It hûs en it hiem kinne noch "wol wat leafde brûke" en boppedat hat er in stik lân kocht achter syn hûs dat er feroarje wol yn in natuergebiet.

Nij ritme

"Dêr kin ik my earst wol mei fermeitsje. Ik kin ek mear tiid besteegje oan myn hobby natuerfotografy en ik ha in prachtige famylje dy't wat mear oandacht ha mei. Ik meitsje my gjin soargen, mar it sil wol wennen wêze om in nij ritme te finen."

Leaver harkje?

Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierder is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.