Keatser Pieter Jan Leijenaar út winnend PC-partoer set

Marten Bergsma, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar fiere de winst op de 172e PC © Martin de Jong Fotografie
Foar himsels kaam it as in ferrassing. Der wie al ôfpraat dat PC-winners Marten Bergsma, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar ek yn 2026 mei-inoar keatse soene. Moandei krige Leijenaar lykwols te hearren, dat hy út it partoer set wurdt.
"Ja, ik bin derútset", seit Leijenaar. "Marten Bergsma belle my justerjûn." Bergsma en Postma geane fierder mei achterynse Erwin Zijlstra.
In eksakte reden foar dizze feroaring hat Leijenaar net heard. "Fan Hessel Postma haw ik noch hielendal neat heard", seit er. "Ik kom se wol wer tsjin en dan sil ik dernei freegje."
Pieter Jan Leijenaar yn 2024 © Martin de Jong Fotografie
Geroften dat Bergsma en Postma net fierder woene mei Leijenaar wiene der al foar de PC, mar dochs kamen se nei bûten mei it nijs dat se byinoar bliuwe soene.
Sneon waarden de winnende partoeren fan de PC en de Frouljus PC noch huldige, yn it skoft fan de fuotbalwedstriid tusken sc Hearrenfean en Go Ahead Eagles.
Alle trije PC-winners binne supporter fan Hearrenfean.
De winners fan de 172e PC huldige yn it Abe Lenstra Stadion © Facebook / Vrienden van sc Heerenveen
Leijenaar hat yntusken al wol oare maten fûn. Hy keatst takom jier mei Steven Koster en Gerben de Boer. Fierder feroaret der net in soad.

Patrick Scheepstra hâldt dermei op

Jorn Lars van Beem soe mei Patrick Scheepstra en Erwin Zijlstra keatse, mar kiest no foar Remmelt Bouma en Evert Pieter Tolsma.
Van Beem hie graach noch in jier mei Scheepstra keatst, mar dy keas derfoar om dermei op te hâlden nei it fuortgean fan Zijlstra.
Dêrtroch moast ek Van Beem op syk nei nije maten: "Patrick stopt inderdaad, anders was ik bij Patrick gebleven."

Net foar it earst

It is net foar it earst dat in partoer dat de PC wint út elkoar giet.
Yn 2024 wûnen Menno van Zwieten, Gabe Jan van Popta en Tjisse Steenstra de PC. Van Zwieten en Steenstra keazen lykwols foar in oare foarynse: Rick Minnesma.
Ek dat nijs kaam doe foar in soad folgers as in grutte ferrassing.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.