Lennon (20) rydt yn de legerauto fan syn pake: “Hy is der noch altyd in bytsje by”

Lennon Wolf is pas 20 jier, mar rydt yn in auto mei in ferhaal. Syn legerauto erve er fan syn pake, mei wa't er in tige goede bân hie. Al op jonge leeftyd mocht er fan pake efter it stjoer sitte.
Pake is der net mear, mar foar Lennon fielt it noch altyd asof er meirydt. Ferline jier knapte hy de auto hielendal op. No rydt er grutsk yn de auto dy't ek noch brûkt is yn de oarloch. Underweis binne der in protte minsken dy't even omsjogge, en dat fynt hy moai. "It is in machtich moaie auto, mei in bysûnder ferhaal."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.