Foar guon is de sykte covid noch hiel tichteby: "Ik siet yn in dwangbuis"

Mûlkapkes © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"It fielde as in swimtocht wylst gjin lân sjochst. Do witst net wêr'tst hinne swimme moatst. Dat wie beëangjend." It binne de wurden fan Harm Westra út it noardeasten fan Fryslân.
Hy krige corona en dêrnei belâne hy yn in post-covidsituaasje. Syn libben is doe dramatysk feroare.

Stigma

Westra (net syn eigen namme) wol syn ferhaal fertelle, omdat in soad minsken net witte dat der safolle minsken noch deistich stride mei de gefolgen fan covid. Net ûnder syn eigen namme, want it stigma is noch altyd grut.
De longfunksje fan in post-covidpasjint wurdt test © ANP
Yn maart 2022 krige Westra corona. Lykas in hiel soad minsken wie hy der siik fan, mar net ôfgryslike siik. Nei de karantêneperioade gie hy wer oan it wurk as audisjen.
Mar doe kaam al hiel gau de klap. De dei dat er wer oan it wurk gie, fernaam er fuort al dat it net goed wie. Om 12 oere hinne gie it ljocht út. Syn liif en holle woene net mear.

Sechtjin oeren deis sliepe

Nei fjirtjin dagen koe hy net mear goed prate en de konsintraasje net mear fêsthâlde. Dêrnei krige er koarts, slepte er sechstjin oeren deis en wie er oanein.
"Doe is myn libben eins feroare", seit er oer dy perioade.
It libben stie op 'e kop. De earste seis wiken siet Westra noch yn in ûntkenningsfaze: 'je moatte der efkes trochhinne' wie de gedachte. Dat waard ek by de arbotsjinst sein. Stadichoan wer opbouwe like de oplossing.
It fielde as in swimtocht sûnder sicht op lân. Do witst net wêr'tst hinne swimme moatst.
Harm Westra
Neat wie minder wier, want it waard hieltyd slimmer. Nei de koartsdagen kamen der ferskate oare klachten. Fan de terms oant de holle en swabberfuotten. Nei seis wike koe Westra neat mear. Hy koe net mear rinne, de teannen net mear omheech krije. Neurologysk gie it hielendal mis.
"Dat wie myn earste eangstmomint."
Doe begûn de syktocht nei help. Dat wie dreech, ek fanwegen de druk fan wat oaren derfan fine soene.
"It fielde as in swimtocht sûnder sicht op lân. Do witst net wêr'tst hinne swimme moatst."

Under dyn grinzen bliuwe

De húsdokter hie in 'open mind', fertelt Westra. Mar net ien wist presys wat goed wie. Hy kaam by de fysioterapy terjochte. Refalidaasje soe helpe, grinzen opsykje.
In pasjint mei post-covid by de dokter © ANP
Mar, sa docht letter bliken, dat makket it foar in post-covidpasjint just slimmer. Dy moat eins ûnder de grinzen bliuwe, want it senuwstelsel wurdt oantaaste by oerbelêsting.

Oan 'e slach mei gedrach

Jolanda Kuijvenhoven hat yn 2021 de post-covidpoly opset by sikehûs Frisius MC yn Ljouwert. It ferhaal fan Harm Westra is tige werkenber, seit se.
Njoggentich prosint fan de pasjinten dy't sy sjocht, hat in fergelykber ferhaal. It drege is: in terapy dy't foar de iene pasjint wurket, hoecht foar de oare pasjint net te wurkjen. De teory is no dat de persoanlikens fan in pasjint in grutte rol spilet. In post-covidpasjint sil ek oan 'e slach moatte mei syn of har gedrach.
Longdokter Jolanda Kuijvenhoven fan Frisius MC © Omrop Fryslân
Neffens Kuijvenhoven komt it faak foar dat in post-covidpasjint fan natuere in motivearre persoanlikheid is, dy't in soad oankin en in protte enerzjy hat. Om better om te gean mei de sykte sil dat gedrach feroarje moatte.
Sporten wie Westra syn ding en in gedrachsferoaring wie dreech. Foar de post-covid socht hy altyd de grinzen op en dat moast no oars. In psychoterapeut holp dêrby.
"Do belibbest in trauma, want alles falt om dy wei."
Ik snap noch net hoe't ik dêr trochhinne kaam bin. Ik siet yn in dwangbuis.
Harm Westra oer in hiele drege perioade
Nei goed in jier gie it sa min dat Westra allinnich noch mar lizze koe, yn in keammerke dat hast in isolearsel wie.
Hy koe net mear entûsjaste tinzen krije. "It mentale fermogen om efkes fuort te dreamen woe net mear."

It djipste punt

Trije moannen lang lei hy yn it keammerke. Hoe nuver oft it ek klinkt, dit wie wol de manier om de wei werom te finen. "As je neat mear kinne, dan moatte je wol ûnder je grinzen bliuwe", fertelt Westra. Doe moast hy yn de praktyk bringe wat hy leard hie.
"It wie ûnminsklik. Ik kin dêr ek net oan weromtinke. dan krij ik pikefel. Ik snap noch net hoe't ik dêr trochhinne kaam bin. Ik siet yn in dwangbuis."
Myn dochter fan seis jier hat my net bewust sûn meimakke.
Harm Westra
It dreechst fan alles is neffens Westra de ympakt op it gesinslibben. Hy hat twa lytse bern en in frou dêr't er graach fan alles mei dwaan en belibje wol. Mar dat kin net. Neffens Westra is dat it pynlikste.
Yn de praktyk moat de frou no alles dwaan. Dat is pittich, njonken in oplieding dy't se folget en it sosjale libben.
"Myn dochter hat my net bewust sûn meimakke, se is seis jier. Dat docht altyd sear."

Skamte

Mar ek dat oaren net altyd begripe hoe slim oft it is. "Der binne stigma's. Dêr moat ik dan wol oerhinne stappe, want der is dochs in bepaalde skamte."
Nei twa jier kaam de striid om it wurk net kwyt te reitsjen en der wie eangst om it hûs kwyt te reitsjen. Mar dy eangst moast oan 'e kant, om rêst te finen.
By organisaasjes as it UWV is it dan mar krekt wa't je treffe. Yn earste ynstânsje waard it in aaklik trajekt. "Jo binne hiel siik, mar kinne jo ferhaal net goed útlizze."
Foar Westra rint it goed ôf, mar in hiel soad minsken komme troch post-covid en hoe't dernei sjoen wurdt yn finansjele problemen.

Long covid of post-covid?

Longdokter Jolanda Kuijvenhoven en oare minsken yn it medyske fjild prate leaver oer post-covid as oer long covid, omdat by long covid betizing ûntstean kin. Minsken kinne dan tinke dat it om in longsykte giet.
Westra en syn frou hawwe ek kontakt socht mei lotgenoaten. Dat helpt harren. Der is herkenning en se hearre hoe't oaren dermei omgeane. De grutste les is dochs rêst sykje, mar it bliuwt in syktocht nei in nije balâns.
Lêze oer ditsoarte saken, kennis sykje helpt. Westra besiket de ûntwikkelingen sa goed mooglik te folgjen.

Net te folle hoopje

Te folle hoopje wol hy net, want dat jout ek teloarstelling. "We hawwe gjin garânsje dat ik hjir wer útkomme kin. In manier fine om it lytse libben datst noch hast te wurdearjen, dat helpt."
Guon minsken mei post-covid brûke hyperbare terapy om harren better te fielen © Omrop Fryslân
Dochs bliuwt de hope dat der in medisyn komt: "We sille sjen wêr't it skip einiget."

Net allinnich kommer en kwel

Der wurdt op dit stuit eksperimintearre mei medisinen, mar der sil neffens longdokter Kuijvenhoven net ien pil komme dy't foar alle pasjinten wurket. "Het is niet one size fits all."
Foar in soad post-covidpasjinten jildt dat der nei ferrin fan tiid - en dat kin wol jierren duorje - in 'nij normaal' ûntstiet. Funksjonearre de persoan foar de sykte op 100 prosint en no op 75 of 80 prosint, dan is dat it nije normaal.
En njonken alle ellinde bliuwt Westra ek positive dingen sjen.
"Ik bin in folle kompleter minske wurden troch dizze sykte, It is net allinnich kommer en kwel."

Podcast

It ferhaal fan dizze post-covidpasjint is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.