Swanneblom wint slotwedstriid en is kampioen yn lytse a
It skûtsje Swanneblom hat de slotwedstriid wûn op de Iselmar by De Lemmer en is kampioen wurden yn de lytse a-klasse.
Lang seach it der nei út dat It Goutumer skûtje de deipriis pakke soe, mar yn it alderlêste rak sylde de Swanneblom der foarby, omdat Goutum yn de slach rekke mei de Nije Dei.
"It wie in prachtige striid", seit skipper Jelle Talsma fan de Swanneblom. "Wy wiene eins al tevreden mei ús tredde plakje, want dan wiene we ek al kampioen. Mar we ha knokt foar it earste plak, en dat betearde super!"
Talsma is der bliid mei dat der wyn kaam, healweis it kampioenskip. Sûnder wyn sylt de Swanneblom lang sa hurd net. "Dat wie hiel dreech, mei sa'n bytsje wyn. Dan ha we muoite om float te hâlden. Mei dat lichte waar moatte we it allegearre noch wat útfine."
Noch foardat it skûtsje oan de wâl lei, siet de bemanning al oan it bier. "Der binne hjir in pear dy't it goed foar mekoar ha!"
Mear oer it skûtsjesilen fynst hjir: