Hjitte op komst: sa helpst dyn hûsdier troch de waarme dagen

In koele flier is noflik foar in hûn (argyffoto) © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mei in pear hite dagen yn it foarútsjoch is it Nasjonale hjitteplan wer fan krêft, bedoeld om minsken út kwetsbere groepen te helpen. Mar ek bisten kinne te lijen ha fan hjitte. Hoe helpst Bijke, Coco en Jip troch de waarmte hinne?
Krekt as by minsken is it by bisten te fernimmen dat se lêst ha fan de waarmte. In hûn bygelyks kin net switte en kin allinne de waarmte kwyt troch te hymjen.
As dyn hûn dus mear himet as normaal, hat er lêst fan de waarmte. Ek katten hymje mear as oars as se lêst fan de hjitte ha. Faak wolle se kwealik of net ite en binne se folle minder aktyf.
As in kat it hyt hat, fiert er faak net sa'n soad út © Shutterstock
Itselde jildt foar kjifdieren, lykas hamsters, kavia's en kninen. Njonken dat dy rapper azemje as oars en net folle ite, reagearje se kwealik op de omjouwing.
Fûgels dy't min oer de hjitte kinne sykhelje mei de snaffel iepen en se spriede har wjukken.
De Dierenbescherming warskôget om goed om dyn húsdieren te tinken as it hyt wurdt. As bisten te hjit wurde, kinne se klachten krije dy't sels deadlik wêze kinne. De organisaasje hat tal fan tips.

Hoe helpst de hûn?

Foar in hûn is in plak yn it skaad en genôch skjin drinkwetter fan belang. Om ôf te kuoljen kinst it bist swimme litte, as it derfan hâldt, of him op in wiete handoek lizze litte.
Der binne ek spesjale kuolmatsjes of kuolhalsbannen yn 'e hannel.

In kat rêdt himsels

Katten rêde sels better mei de waarmte as hûnen. Meastentiids sykje se sels in koeler plakje op.
Kinst dyn kat wol helpe troch derfoar te soargjen dat er yn 'e hûs kin as er dat wol, dat er yn it skaad lizze kin en troch genôch farsk drinkwetter del te setten.

Kjifdieren: wetter, griente en koart hier

Ast in hamster of kavia hast, moatst derom tinke dat de koai net yn de sinne stiet. Om derfoar te soargjen dat de bistjes ekstra focht krije, kinst se meardere kearen deis griente jaan.
Jou se ek geregeld skjin drinkwetter. In langhierrige kavia kinst koartknippe om se tsjin de hjitte te beskermjen. Ek kinst in ekstra bakje wetter yn de koai sette, dêr't it bist yn ôfkuolje kin as it dat wol.
Hamsters kinne wol wat ekstra wetter brûke © Omrop Fryslân
Krekt as minsken en oare bisten ha kjifdieren ek baat by ferkuolling.
In maklike manier om kninen, kavia's en hamsters koel te hâlden is troch in plestik flesse foar twatredde part mei wetter te foljen en yn te friezen. Bewyn dy dêrnei yn in teedoek - sadat de bistjes der net oan fêst frieze of him trochknage - en lis dy yn de koai.

Fûgelkoai nei ûnderen

Ek fûgels kinne der net oer as har koai yn de sinne stiet by hyt waar. Ast in hingjende koai hast, kinst dy it bêste wat leger delsette, omdat waarme lucht omheech giet.
In wiet, wyt lekken oer de koai helpt ek om de fûgels koel te hâlden, mar tink der wol om dat it lekken net te bot opwaarmet troch de sinne.
In lekken oer de koai kin in fûgel koeler hâlde © Shutterstock.com
Fûgels ha ferlet fan wetter as it waarm is, soargje der dus foar dat se dêr de hiele dei genôch fan ha. Ast in fûgelbadsje hast, is it ferstannich om it wetter geregeld te ferfarskjen.

Slangen en fisken: gjin ekstra drokte

Bist yn it lokkige besit fan in terrarium of akwarium, dan hasto it de kommende dagen rêstiger as oare eigeners fan húsdieren. Want dizze bisteferbliuwen binne meastal waarmer as de omjouwingstemperatuer.
It iennichste dêr'tst om tinke moast, is dat de sinne net fol op de bak fan dyn fisken of slangen skynt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.