Gebrûk stielslakken op lokaasjes mei risiko's foarearst ferbean

Wurk oan de Sintrale As © RTV NOF
It gebrûk fan stielslakken op risikolokaasjes is foar in jier ferbean. Dat hat steatssekretaris Thierry Aartsen (VVD) bekend makke. Stielslakken meie yn elts gefal in jier net brûkt wurde op plakken dêr't risiko is op sûnensskea.
Oanlieding foar it beslút is ûnder oare de maatskiplike ûnrêst oer de risiko's fan stielslakken. Aartsen skriuwt dat der geregeld sinjalen binne oer irritaasjes oan 'e hûd en luchtwegen of in bloednoas by bern dy't boartsje op plakken dêr't stielslakken brûkt binne.

Heak om Ljouwert en Sintrale As

Yn Fryslân binne stielslakken brûkt yn it projekt fan de 'Heak om Ljouwert' en by de oanlis fan de Sintrale As. De 'Heak om Ljouwert' wie ien fan de proefprojekten yn 2012, mar dat wist de provinsje hielendal net: "It ryk promoate stielslakken doe."

Wat binne stielslakken?

Stielslakken binne in restprodukt fan stielproduksje. Yn Nederlân komme stielslakken fan Tata Steel. It is in griis stieneftich guod mei dêr swiere metalen yn. Tata Steel kin neat mei it restprodukt, mar produsearret wol sa'n 650.000 ton stielslakken yn it jier. Dat komt del op sa'n 26.000 frachtweinen.
De Nederlânske oerheid set yn op in sirkulêre ekonomy. Dat betsjut dat ôffal safolle mooglik op 'en nij brûkt wurdt. Bedriuwen as Tata Steel neame stielslakken dan ek graach as boumateriaal yn stee fan ôffal.
Ferskate Steateleden wiene fernuvere oer de gong fan saken. Tjisse Hiemstra (FNP) fûn dat Fryslân ynset wie as "proefknyn".
De provinsje liet yn maaie witte dat it it in kwealike saak fûn dat stielslakken noch tastien binne as boustof. Eardere steatssekretaris Chris Jansen (PVV) bleau by it stânpunt dat it materiaal "mits goed toegepast" feilich brûkt wurde kin.

Tydlik ferbod

De tydlike needregeling jildt no bygelyks foar tapassingen op lokaasjes dêr't direkt kontakt mooglik is of foar gebrûk op grutte skaal. Foar oare tapassingen op lân is tenei in fergunning nedich.
De kommende tiid sil ûndersyk dien wurde nei hoe't stielslakken feilich brûkt wurde kinne en wurdt sjoen nei alternative tapassingen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.